Héctor Castro (Montevideo, 29 novimber 1904 - Dêre, 5 septimber 1960) wie in Oerûguayaansk fuotballer, dy't as spiler fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, it earste Wrâldkampioenskip wûn.

Karriêre Op syn tsiende begûn er mei wurkjen en op syn trettjinde ferlear er in part fan syn rjochterearm troch in ûngelok mei in seage. Nettsjinsteande it ûngelok kaam er yn 1921 yn de jeugdoplieding fan Centro Atlético Lito terjochte. yn 'e âldens fan 20 jier gie hy oan de slach by Nacional. Yn 1932 gie er nei Estudiantes yn Argentynje, mar gie nei in jier alwer werom by Nacional. Hy beëinige yn 1936 syn spilerskarriêre.

Ynterlân Andrade spile tusken 1923 en 1935, 25 ynterlân wedstriden foar it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, dêr't er achttjin kear yn wist te skoaren. Mei it Oerûguayaansk fuotbalalvetal wûn er yn 1928 ien kear de Olympyske Spullen twa jier letter it earste wrâldkampioenskip.

Trainer Fan 1939 oant 1943 wie er haadtrainer fan Nacional. Yn 1952 kaam er werom as trainer by Nacional. Yn 1959 wie er noch koarte perioade trainer fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal.

Héctor Andrade ferstoar op 5 septimber 1960, yn 'e âldens fan 55 jier oan de gefolgen fan in hertynfarkt.

Kategory:Oerûguayaansk fuotballer Kategory:Oerûguayaansk Olympysk kampioen Kategory:Oerûguayaansk fuotbaltrainer Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1960