In ykmaster of ikermaster wie in amtner dy't as taak hie om de maten en gewichten dy't brûkt waarden te kontrolearjen, te ikerjen. Oertredings melde er by de drost en ûndeugdlike maten en gewichten naam er yn beslach. Ek kontrolearre er by de bakkers it gewicht fan de bôle.
De funksje waard ynsteld yn'e midsiuwen en hat bestien oant de Frânske tiid. Der wiene yn elk doarp altyd twa ykmasters, hja waarden fanâlds oansteld en beëdige troch de pleatslike hear.
Kategory:Histoarysk berop Kategory:Amtner