Lorenzo Fernández (Montevideo, 20 maart 1901 - Dêre, 16 novimber 1973) wie in Oerûguayaansk fuotballer, dy't as spiler fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, it earste Wrâldkampioenskip wûn.

Hy spile as ferdigener syn hiele karriêre yn Oerûguay, dêr't er it grutste part fan útkaam foar Club Atlético Peñarol yn de Primera División. Dêrneist wie er ek ynternasjonal foar it Oerûguayaanske nasjonale team, wêrmei't er in gouden medalje wûn op de Olympyske Spullen fan 1928 en de wrâldbeker wûn op it WK 1930 yn eigen lân. Lorenzo Fernández ferstoar op 16 novimber 1973, yn 'e âldens fan 72 jier.

Kategory:Oerûguayaansk fuotballer Kategory:Oerûguayaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1973