Brey is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts en makket ûnderdiel út fan 'e lânkring Mayen-Koblenz. Brey is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Rhein-Mosel.

De gemeente Brey bestiet út twa Ortsteile: Brey en Siebenborn.

Lokaasje thumb|left|175px|Skacht fan de Romeinske wetterlieding yn Brey It plak leit oan 'e lofter kant fan 'e Ryn, in stikje súdlik fan Koblenz. Oan 'e oare kant fan 'e rivier leit Braubach en de Marksburg.

It besjen wurdich Tusken Brey en de Jakobsbergerhof leit in Romeinsk akwadukt. De resten fan it Romeinske akwadukt waarden yn 'e Twadde Wrâldkriich by tafal ûntdutsen, doe't ynwenners sochten nei in skûlplak foar de bombardeminten. By dat sykjen fûnen de ynwenners skachten fan in Romeinske wetterlieding. It argeologysk ûndersyk is oant in lingte fan 500 m útfierd. De werklike lingte bedraacht nei alle gedachten tusken 2 en 2,5 km.

De apsis fan 'e Margaretatsjerke fan Brey datearret út it midden fan 'e 14e iuw. Fierder bestiet it tsjerkegebou út in nijbou fan 1954.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts