Arturo Jaime Rodríguez Jurado (San Luis, 27 maaie 1907 - Buenos Aires, 21 novimber 1982) wie in Argentynsk bokser en rugbyspiler.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de klasse boppe 79,4 kg (swiergewicht). Njonken boksen die Rodríguez ek oan rugby, en spile meardere wedstriden foar it nasjonale rugbyteam. Arturo Rodríguez ferstoar op 21 novimber 1982, yn 'e âldens fan 75 jier.
Kategory:Argentynsk bokser Kategory:Argentynsk rugbyspiler Kategory:Argentynsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1982