Isenburg is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak makket diel út fan 'e lânkring Neuwied. It heechste punt fan it plak is de Iserkopf mei in hichte fan 313 m boppe seenivo. Isenburg leit oan it rivierke de Sayn.
It plak is in Ortsgemeinde en makket diel út fan 'e ferbânsgemeente Dierdorf.
It besjen wurdich Isenburg wurdt dominearre troch de ruïne fan it 12e-iuwske kastiel Isenburg. Fan 'e befêstiging fan Isenburg is in 14e-iuwske poarte mei in dakruter en oangrinzgjend fakwurkhûs bewarre bleaun.
De roomsk-katolike Katarinatsjerke is in halletsjerke út 1862–1868.
Ien km súdwest fan it histoaryske Isenburg leit yn 'e bosken in ruïne fan in 15e-iuwske goatyske beafeartskapel. Mei't yn 1788 it genedebyld fan 'e beafearttsjerke nei Iserburg ferhûze, rekke de beafeartskapel yn ferfal.
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts