Paavo Ilmari Yrjölä (Hämeenkyrö, 18 juny 1902 - Dêre, 11 febrewaris 1980) wie in Finsk mearkamper.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924, 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de tsienkamp mei in wrâldrekôr fan 8053.290 punten.
Yrjölä wie boer yn syn deistich libben. Paavo Yrjölä ferstoar op 11 febrewaris 1980, yn 'e âldens fan 77 jier.
Kategory:Finsk mearkamper Kategory:Finsk Olympysk kampioen Kategory:Finsk boer Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1980