John Henry (Johnny) Kuck (Wilson, 27 april 1905 - Halstead, 21 septimber 1986) wie in Amerikaansk kûgelstjitter.
Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen by it kûgelstjitten mei in wrâldrekôr fan 15,87 meter.
John Kuck ferstoar op 21 septimber 1986, yn 'e âldens fan 81 jier.
Kategory:Amerikaansk kûgelstjitter Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1986