Sebradowen (Geopelia) foarmje in fûgelskaai út de famylje dofûgels (Columbidae).

Se binne lânseigen yn Súdeast-Aazje en Australaazje en wurde waarnommen yn iepen gebieten en op stoppelân. Se ite sied en foerazjeare op 'e grûn. Yn 'e regel besteane harren lechsels út twa aaien yn in ienfâldich nêst fan twigen en gers. De fearren binne meast griisbrún mei in patroan fan streken of stippen.

It skaai waard yn 1837 troch de Ingelske ornitolooch William Swainson yntrodusearre mei de sebrado (Geopelia striata) as typesoarte. De namme fan it skaai kombinearret it Aldgrykske geō (grûn) en peleia (do).

De sebrado en de diamantdo wurde in soad as folièrefûgel holden.

Soarten It skaai bestiet út fiif soarten: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Ferspriedingsgebiet Status 150px Geopelia cuneata diamantdo Austraalje net bedrige 150px Geopelia humeralis koperneksebrado Austraalje, Nij-Guineä net bedrige 150px Geopelia maugeus Temmincks sebrado Molukken, lytse Sûnda-eilannen net bedrige 150px Geopelia placida Goulds sebrado Austraalje, Nij-Guineä net bedrige 150px Geopelia striata sebrado Malakka, Sûnda-eilanden, Sumatra, Java, Baly, Selebes, Filipinen net bedrige

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Dofûgel