Gilbert T. Gray (Ruston, 1 juny 1902 - New Orleans, 27 july 1981) wie in Amerikaansk siler.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles tegearre mei Andrew Libano Olympysk kampioen yn de Star klasse. Tegearre mei Prentice Edrington wie er yn 1928 ek wrâldkampioen wurden yn deselde klasse.

De Star is in twapersoanskielboat. It boatsje hat in lingte fan 6.92 meter, in breedte 1.73 meter en in djipgong fan 1.02 meter, it grutseil mjit 27.92 m². Gilbert Gray ferstoar op 27 july 1981 yn 'e âldens fan 79 jier.

Kategory:Amerikaansk siler Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1981