Tore Anton Holm (Gamleby, 25 novimber 1896 - Dêre, 15 novimber 1977) wie in Sweedsk siler en twafâldich Olympysk kampioen.

Hy die fiif kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1928, 1932, 1936 en 1948). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen, yn de 40 m² klasse mei Yngve Holm, Axel Rydin en Georg Tengwall.

Tolve jier letter waard hy yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Martin Hindorff, Åke Bergqvist en Olle Åkerlund. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m².

Holm studearre yn 1922 ôf as yngenieur oan de Technyske Universiteit fan Stockholm. Hy wie eigener fan in skipswerf yn Sweden, dy't er begjin jierren ’30 fan syn heit oernommen hie. Tore Holm ferstoar op 15 novimber 1977, yn 'e âldens fan 80 jier.

Kategory:Sweedsk siler Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Sweedsk yngenieur Kategory:Sweedsk ûndernimmer Kategory:Sweedsk skipsbouwer Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1977