De jagûar (útspr.: [ˈjaɡuar], likernôch: "jah-gû-ar") (wittenskiplike namme: Panthera onca) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). Dit bist is lânseigen yn Midden- en Súd-Amearika. It is de grutste kateftige yn 'e Nije Wrâld en de op twa nei grutste yn 'e hiele wrâld (nei de liuw en de tiger). De jagûar is in grutte, krêftige en tige gefaarlike karnivoar mei in treflike skutkleur, dy't bestiet út in spikkelbûnte gielige pels belein mei swarte plakjes. Hy libbet benammen yn tropysk en subtropysk reinwâld. Jagûars libje solitêr en binne fral nachts aktyf. Bedrigings dêr't dizze kateftige mei te krijen hat, binne habitatferlies, habitatfragmintaasje, streuperij en konflikten mei minsken. De IUCN klassifisearret de jagûar as gefoelich, mar (noch) net bedrige.
Namme De namme fan 'e jagûar moat útsprutsen wurde as [ˈjaɡuar] (werjûn yn it IPA), oftewol likernôch as "jah-gû-ar". De útspraak is beslist net [ˈʤɛɡuar] ("dzjeh-gû-ar"). Dat is de Ingelske útspraak, dy't yn it Frysk (en Nederlânsk) allinne mar brûkt wurdt foar it Britsk automerk Jaguar, dat nei de jagûar ferneamd is. "Jagûar" is in lienwurd dat it Frysk fia it Spaansk of Portegeesk binnenkrongen is. It giet mooglik tebek op yaguara, in wurd út 'e Yndiaanske Tûpy-Gûarany-talen, dy't sprutsen wurde yn Paraguay, súdwestlik Brazylje en eastlik Bolivia. De betsjutting fan yaguara is "wyld bist dat syn proai oermânsk wurdt mei in sprong".
It soartspesifyke diel fan 'e wittenskiplike namme Panthera onca komt fan it Portegeeske wurd onça foar in spikkelbûnte kateftige dy't grutter is as in lynks. De oarspronklike foarm fan dat wurd wie lonça, in ôfsliten ferbastering fan it Latynske lynx, mar meitiid waard de earste letter misbegrepen as in ôfkoarte beskaat lidwurd l’, sadat dy foutyf by it wurd wei helle waard.
Taksonomy De jagûar waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de bekende Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar de tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis onca. It skaai Felis omfettet hjoed oan 'e dei inkeld de wylde katten, mar doedestiden wie it in sammelbak foar alle kateftigen. It wie de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock dy't yn 1917 it skaai fan 'e panters (Panthera) gearstalde sa't dat no noch fierhinne bestiet, mei as libbene soarten de liuw (Panthera leo), de tiger (Panthera tigris), it loaihoars (Panthera pardus) en de jagûar. (Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw is dêr op basis fan DNA-ûndersyk it snieloaihoars (Panthera uncia) noch oan tafoege.) Op dy wize kaam de jagûar oan syn hjoeddeistige wittenskiplike namme, Panthera onca.
Evolúsje Binnen it skaai fan 'e panters (Panthera) is de jagûar it neist besibbe oan 'e liuw (Panthera leo) en wat minder nau oan it loaihoars (Panthera pardus). Mei de tiger (Panthera tigris) en it snieloaihoars (Panthera uncia) fertoant de jagûar de minste besibskip. De jagûar ûntjoech him oarspronklik troch evolúsje yn Afrika, wierskynlik 9,3–4,5 miljoen jier lyn. Likernôch 2,0–1,8 miljoen jier lyn fersprate er him út Afrika wei nei Jeraazje. In gauris neamde teory is dat de jagûar sa't dy hjoed de dei bestiet, ôfstammet fan 'e Jeropeeske jagûar (Panthera gombaszoegensis), in jagûar-eftige grutte kateftige dy't 2 miljoen oant 350.000 jier lyn yn Jeropa libbe. Guon saakkundigen ûntstride lykwols dat der in nauwe bân tusken dy beide bisten bestiet.
Hoe dan ek, úteinlings berikte de jagûar yn it Ier Pleistoseen, omtrint 850.000–820.000 jier lyn, fia de Beringlânbrêge Noard-Amearika. Dêrwei fersprate dizze soarte him oer it hiele Amerikaanske kontinint, hielendal oan Fjoerlân ta, dat oan 'e súdpunt fan Súd-Amearika leit. Undersyk nei it mitogondriaal DNA fan moderne jagûars hat útwiisd dat alle hjoeddeistige populaasjes har yn it noarden fan Súd-Amearika ûntjûn hawwe. Dêrwei hawwe se Midden- en Noard-Amearika op 'e nij kolonisearre nei't de oarspronklike jagûarpopulaasjes dêre (fan 'e ûndersoarte Panthera onca augusta) yn it Let-Pleistoseen útstoarn wiene. Sawol Noard-Amearika as de súdpunt fan Súd-Amearika (dêr't de ûndersoarte P. o. mesembrina libbe) giene letter op 'e nij foar de jagûar ferlern.
Fersprieding It histoaryske ferspriedingsgebiet fan 'e jagûar besloech om 1900 hinne nei skatting noch sa'n 19 miljoen km², hoewol't it sûnt likernôch 1800 al stadichwei oan it ynkrimpen wie. It striek him doe út fan it Amerikaanske Súdwesten en West-Teksas oer Midden-Amearika en it meastepart fan Súd-Amearika, útsein de Atakamawoastyn oan 'e westkust en Patagoanje yn it suden. Tsjin it jier 2000 wie dêr noch likernôch 8.750.000 km² (oftewol 46%) fan oer. It measte gebiet dat yn 'e tuskenlizzende iuw foar de jagûar ferlern gien wie, lei yn 'e súdwestlike Feriene Steaten, noardlik en sintraal Meksiko, eastlik en sintraal Brazylje en noardlik en sintraal Argentynje.
Tsjintwurdich libje jagûars noch yn it meastepart fan it Amazônegebiet, mei dêropta de noardkust fan Súd-Amearika yn Kolombia, Fenezuëla, Guyana, Suriname en Frânsk-Guyana, dielen fan eastlik Brazylje en noardlik Argentynje, it meastepart fan Sintraal-Amearika, súdlik Meksiko en it Jûkatanskiereilân. Der binne isolearre populaasjes yn westlik en noardlik Meksiko. Yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten komme jagûars noch mar sporadysk foar, mei 62 waarnimmings yn 'e hiele tweintichste iuw. Yn 'e njoggentjinde iuw libbe dit bist noch safier noardlik as Monterey, yn Kalifornje, en oan 'e Noardlike Platte yn Kolorado, en safier eastlik as de kustsompen fan Louisiana. Yn Kalifornje waard de jagûar om 1860 hinne útrûge, en de lêste jagûar yn Teksas waard yn 1948 by Kingsville deasketten. Tusken 1996 en 2024 waarden mei kamerafâlen acht ûnderskate jagûars fotografearre yn it Peloncilloberchtme yn súdeastlik Arizona. Fan 2012 oant 2015 doarme in jagûar, dy't de troch skoalbern yn Tucson keazen namme El Jefe (Spaansk foar "De Baas") krige, troch it Santa Ritaberchtme yn súdlik Arizona.
Uterlike skaaimerken Lichemsbou De jagûar hat trochinoar in kop-romplingte fan 112–185 sm, mei in sturtlingte fan 45–75 sm en in skofthichte fan 57–81 sm. It gewicht is ôfhinklik fan it geslacht en it plak fan foarkommen fan it oangeande yndividu, en berint ornaris 56–96 kg. Wat súdliker men komt yn it ferspriedingsgebiet fan dit bist, wat mear oft lichemsgrutte en gewicht oanwinne. De jagûars fan 'e Meksikaanske westkust binne it lytst, wylst eksimplaren út Brazylje en Fenezuëla it grutst binne. Utsûnderlik grutte mantsjes út it Amazônegebiet kinne soms in gewicht fan 158 kg berikke, wylst de lytste wyfkes út westlik Meksiko en Sintraal-Amearika mar 36 kg weagje.
De jagûar is gnobsk boud en tige spiersterk. It grutste ferskil mei besibbe soarten út it skaai fan 'e panters (Panthera) is dat by de jagûar it liif grutter en grouwer is, wylst de poaten krekt koarter binne. Troch syn spikkelbûnte pels wurdt de jagûar troch leken yn Jeropa gauris betize mei it loaihoars (Panthera pardus), dat ek sa'n kleuring hat. Mar de jagûar hat in folle foarsere lichemsbou, dy't teffens leger by de grûn bliuwt. De kop is fjouwerkantiger en de kaken binne swierder. Jagûars hawwe de op twa nei grutste bytkrêft fan alle kateftigen, nei de tiger (Panthera tigris) en de liuw (Panthera leo).
Pels De grûnkleur fan 'e pels fan 'e jagûar fariëarret op 'e boppeste lichemsdielen (rêch, nekke, kop, siden, poaten en sturt) fan bleek giel fia goud oant rodzich. De bealch, de kiel, it kin en de binnenkanten fan 'e poaten binne altyd witich. Oer it hiele lichem is de pels oerdutsen mei swarte spikkels, dy't útinoar rinne wat foarm oangiet. Op 'e siden wurde it rozetten, mei faak ien of mear spikkels yn 'e midden fan in sirkel. De spikkels op 'e kop en yn 'e nekke binne yn 'e regel ticht, en datselde jildt foar dy op 'e sturt, hoewol't se dêr op nei de punt ta ringen foarmje kinne. Midden op 'e rêch binne de spikkels wat ferlinge, en faak kloftsje se dêr gear om in swarte streek oer de wringe te lûken. Op 'e bealch binne de spikkels grutter en dizeniger. De pels fan 'e jagûar is in treflike skutkleur foar de mei skaden oerleine wâldflier dêr't er ornaris jaget.
Krekt as by it loaihoars (Panthera pardus) komt by de jagûar frij geregeldwei in hielendal swarte kleurfariant foar, dy't krekt as by it loaihoars bekenstiet as in swarte panter. De kleurfariant wurdt feroarsake troch melanisme, dat in dominante genetyske ôfwiking is. Swarte jagûars komme benammen foar yn it tropysk reinwâld en binne oerdeis aktiver as spikkelbûnte jagûars. Dat suggerearret dat de swarte pelskleur eins in bettere skutkleur is as in spikkelbûnte pels.
Biotoop De jagûar jout de foarkar oan biotopen mei ticht wâld, it leafst mei rivieren en moerassen. Hy komt foar yn leafwâld dat hjerstmis de blêden falle lit, tropysk reinwâld, subtropysk reinwâld en dizewâld. Dêrnjonken libbet dizze soarte ek yn wetlands dy't der in diel fan it jier ûnder strûpe, en op drûch gerslân lykas de pampa yn Argentynje. Yn 'e Feriene Steaten kaam er histoarysk foar yn ikewâlden. Jagûars binne waarnommen oant in hichte fan 3.800 m boppe seenivo, mar se mije berchwâlden. Ut in ûndersyk yn súdlik Meksiko en Gûatemala die bliken dat wyfkes weibliuwe út gebieten mei sels mar in bytsje minsklike aktiviteit, wylst mantsjes har dêr minder fan oanlûke.
Hâlden en dragen Aktiviteitsspanne Jagûars binne ornaris benammen aktyf yn 'e nacht en de skimer. Yn it Amazônegebiet binne se mear dei-aktyf, wat ferklearre kinne wurde soe trochdat se dêr yn it tichte tropysk reinwâld op 'e grûn yn frijwol konstante skaden libje. Mar yn it mear iepen moerasgebiet fan 'e Pantanal, yn súdlik Brazylje, binne jagûars oerdeis ek aktiver as nachts.
Klimmen en swimmen Jagûars kinne goed yn beammen klimme, mar dogge dat minder faak as poema's (Puma concolor). Yn 'e mande mei de tiger (Panthera tigris) is de jagûar de iennichste grutte kat dy't gjin ôfkear fan wetter hat. Jagûars binne goede swimmers, dy't waarnommen binne by it oerstekken fan seestrjitten tusken it fêstelân en (net al te fierôf lizzende) eilannen. Se boartsje en jeie ek yn it wetter.
Omgong mei soartgenoaten De jagûar is oer it algemien in solitêr libjend bist, útsein yn 'e peartiid en as it giet om wyfkes mei welpen. Yn 1977 waarden lykwols twa troepen jagûars, de iene besteande út in mantsje, in wyfke en ferskate welpen, en de oare út twa mantsjes en twa wyfkes, mear as ien kear waarnommen yn 'e neite fan 'e rivier de Paraguay. Yn guon gebieten is it net ûngewoan foar twa mantsjes om in koälysje te foarmjen, dy't tegearre ien territoarium beset en markearret, deselde proai bejaget en mei deselde wyfkes pearet.
Territoarium Jagûars hawwe territoaria, dy't se markearje mei rookflaggen. Om dy oan te bringen, brûke se urine en dong. Ek klauwe se wol mei de klauwen yn in beam of de grûn om. De grutte fan jagûarterritoaria is ôfhinklik fan it nivo fan ûntbosking en fan 'e minsklike befolkingstichtens. Territoaria fan wyfkes fariëarje fan 15,3 km² yn it moerasgebiet fan 'e Pantanal, yn súdwestlik Brazylje, oant 53,6 km² yn it Amazônegebiet yn noardwestlik Brazylje, oant 233,5 km² yn it Atlantysk Wâld oan 'e Brazyljaanske eastkust. Territoaria fan mantsjes mjitte 25 km² yn 'e Pantanal oant 180,3 km² yn it Amazônegebiet oant 591,4 km² yn it Atlantysk Wâld. De territoaria fan wyfkes oerlaapje inoar foar in part, wylst it territoarium fan in mantsje dat fan ferskate wyfkes oerlapet. Territoaria fan mantsjes oerlaapje inoar, ynsafier bekend, net.
Kommunikaasje