Temmincks sebrado, de temmincksebrado of de Timordo (Geopelia maugeus) is in fûgel út de famylje dofûgels (Columbidae). Dizze fûgel is ferneamd nei de Nederlânske ornitolooch Coenraad Jacob Temminck.
Beskriuwing Temmincks sebradowen binne mei 23,2 oant 25,8 sm (mantsjes) en 21 oant 23,3 sm (wyfkes) wat grutter as sebradokes . Mantsjes en wyfkes ha swartwite streken lykas by de Goulds sebrado, mar se geane fierder nei de búk en wurde healwei de hals en it boarst net ûnderbrutsen, lykas dat by sebradowen wol it gefal is. In oar opfallend skaaimerk is de fel giele eachring.
Fersprieding De soarte komt op Floares, de Kei-eilannen, Sûmbawa, Sûmba, Timor, de Tanimbareilannen en noch in oantal lytse eilannen foar. De biotoop bestiet út in drûch iepen lânskip mei strewellen.
Status Temmincks sebradokes ha in grut ferspriedingsgebiet en de soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens Birdlife. Ebird. Avibase.
Kategory:Sebrado Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor