De echte kakketoefûgels (wittenskiplike namme: Cacatuinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de boppefamylje fan 'e kakketoes (Cacatuoidea) en de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae).

Ta dizze ûnderfamylje hearre 16 ûnderskate soarten kakketoes. De restearjende seis soarten, de falkparkyt (Nimphicus hollandicus) en de fiif soarten ravenkakketoefûgels (Calyptorhynchinae), binne ûnderbrocht yn eigen ûnderfamyljes.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje echte kakketoefûgels (Cacatuinae) tûke ljochte kakketoefûgels (Cacatuini) skaai helmkakketoes (Callocephalon): 1 soarte skaai rôze kakketoes (Eolophus): 1 soarte skaai wite kakketoes (Cacatua) ûnderskaai Inka-kakketoes (Lophochroa): 1 soarte ûnderskaai echte wite kakketoes (Cacatua): 6 soarten ûnderskaai korellakakketoes (Licmetis): 6 soarten tûke swarte kakketoefûgels (Microglossini) skaai swarte kakketoes (Probosciger): 1 soarte

Kategory:Kakketoefûgel