Hammerfall is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "It Delkommen fan 'e Hammer". It boek fertelt it ferhaal fan Marak Trin Tain, in ealman en rebellelieder op in nammeleaze woastynplaneet. Hy wurdt folslein ûnder fuotten helle as bliken docht dat er oanhelle is mei in almar faker foarkommende foarm fan sljochtsinnigens dêr't syn folk fan eanget. Hy falt yn 'e hannen fan syn aartsfijân, dy't him in nij doel yn it libben jout: om út te finen wat der yn it ûnbekende easten is dat de sljochtsinnigen dy kant út driuwt. Marak giet op reis en ûntdekt dat syn wrâld mar ien fan withoefolle planeten yn it stjerrestelsel is, en dat alle libben der útrûge driget te wurden as útfloeisel fan 'e achthûndert jier lyn útfochten Gene-oarloggen, dy't draaiden om genetyske manipulaasje en nanotechnology. Hammerfall is it earste diel fan 'e duology The Gene Wars. De roman waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij HarperCollins Publishers fia de ymprint Eos. In ferfolch, mei as titel Forge of Heaven, ferskynde yn 2004. __TOC__ Ynhâld In karafaan tsjocht troch de Lakht, in reuseftich plato dat oerdutsen is troch in ûnbidige woastyn. Lykas safolle karafanen is ek dizze ûnderweis nei de hillige stêd Oburan, dêr't de Ila residearret, dy't oer de Lakht hearsket. Mar dizze karafaan bringt gjin hannelswaar nei Oburan ta, mar alle sljochtsinnigen dy't de soldaten fan 'e Ila yn 'e doarpen fan it Westen fine koene. Under harren is ek Marak Trin Tain, de ienlingssoan fan Tain Trin Tain, de hear fan it doarp Kais Tain en lange tiid de hearsker fan it Westen, dy't it tsjin 'e Ila yn 'e kant set hie.
Tsien jier lang hat Marak mei syn heit lieding jûn oan in leger fan 'e abjori: dyselden dy't wegerje de Ila as goadinne te erkennen. Lang om let is it mei de rebûlje op 'e non rûn, net yn it lêste plak om't Marak, de erfgenamt fan syn heit, ien fan 'e sljochtsinnigen bliek te wêzen. Tain hat him dêrop publyklik ûnturven en oan 'e soldaten fan 'e Ila oerdroegen yn ruil foar amnesty foar himsels en de oare abjori. Marak wit net hokker lot him yn Oburan wachtet, mar hy hâldt himsels ûnder de barre tocht geande mei it idee dat er de Ila besykje sil te fermoardzjen, as er yn har oanwêzigens brocht wurde mei.
Yn Oburan oankommen, wurde de sljochtsinnigen út it Westen yndie foar de Ila brocht, yn har paleis, dêr't de doarren fansiden skowe sûnder dat immen dêr wat foar hoecht te dwaan. Sa't er himsels ûnthjitten hie, besiket Marak de Ila om te bringen, mar hja blykt oer magyske krêften te beskikken. Syn wraam op har einiget yn pine en nederlaach as er troffen wurdt troch wat dat er inkeld omskriuwe kin as in wjerljochtslach, ek al binne se op dat stuit binnendoar. Ynstee dat de Ila Marak nei syn oanfal op har terjochtstelle lit, liket se troch syn dwaan gerêststeld te wêzen dat se him goed ynskatten hat.
Se lit de oare sljochtsinnigen fuortstjoere om mei him allinnich te praten, en befreget him yn it dêropfolgjende petear oer syn persoanlike ûnderfinings mei de sljochtsinnigens, dêr't almar mear lju oan lije en dêr't de sûnen benaud foar binne, ek al is der gjin bewiis dat de oandwaning besmetlik is. Marak, dy't nei syn falen gjin reden sjocht om net te fertellen wat de Ila ek fan lykfol hokker oare sljochtsinnige oan 'e weet komme kin (en perfoarst al kommen is), praat frijmoedich oer syn ôfwiking. Dy bestiet út stimmen dy't him yn 'e holle klinke, fizioenen fan in toer dy't foar it meastepart ûnbegryplik binne, en in periodyk kanteljen fan 'e wrâld nei it easten ta, dêr't alle sljochtsinnigen de oanstriid hawwe om hinne te gean.
De Ila wol dat Marak foar har op ferkenning útgiet om út te finen wat der yn it easten is dat de sljochtsinnigen sa oanlûkt. Marak freget as beleanning foar syn meiwurking dat de Ila syn mem Kaptai en syn suster Patya út Kais Tain helje en beskermje sil, mei't dy no allebeide yn gefaar binne. De eare fan 'e grutske Tain Trin Tain is troch de sljochtsinnigens fan syn soan besmodzge, en Kaptai en Patya foarmje in dúdlike bân tusken him en Marak. It soe samar kinne dat Tain besykje sil dy bân troch te snijen troch de beide froulju te fermoardzjen. De Ila seit ta dat se soldaten útstjoere sil om Marak syn mem en suster te finen en nei Oburan te bringen.
Mei de oerienkomst tusken him en de Ila besegele, set Marak útein mei it tarieden fan syn reis nei it easten. Dêrfoar kriget er help fan Memnanan, de kaptein fan 'e liifgarde fan 'e Ila, dy't mei de autoriteit fan 'e Ila sprekt. Marak nimt alle sljochtsinnigen mei dy't de Ila nei Oburan bringe litten hat, yn totaal in fjirtichtal minsken. Hy hiert de karafaanmaster Obidhen Anfatu yn en beävensearret tinten en ryddieren, saneamde beshti (inkeltal: besha) en fiktaalje en drinkwetter foar de tocht. De karafaan set ôf troch de woastyn, en ûnderweis komt Marak better yn 'e kunde mei syn selskipslju en mei-sljochtsinnigen, yn 't bysûnder mei Hati, in frijfochten frou út 'e Keran-stamme fan nomaden, dy't him op eigen inisjatyf ta man nimt, en mei Norit, in sêfte doarpelinge út 'e oäze Tarsa, dy't befreone rekke is mei Hati en troch har as mei-frou yn har houlik mei Marak behelle wurdt.
Nei ferskate wiken reizge te hawwen, wurdt de karafaan oerfallen troch in skriklike sânstoarm, wêrby't ien fan 'e tinten ferlern giet en de lju dy't deryn skûlje de dea fine. Ek karafaanmaster Obidhen en syn soannen Landhi en Rom, dy't har út in feilige tinte wei yn 'e stoarm bejouwe om te helpen, komme om. Tofi, de ûnbelearde jongste soan fan Obidhen, wurdt neitiid de nije karafaanmaster. Net folle letter arrivearret de karafaan yn it doarp Pori, dêr't nij wetter en iten ynslein wurdt. Foarby Pori klimme Marak-en-dy oer in smel, troch hierspjeldbochten hinne-en-werjend paad by de Lakht del nei de Anlakht, it ûnbewenber achte lân om 'e heechflakte hinne. Dêr fine se, fier yn it easten, de sulveren toer út 'e fizioenen fan 'e sljochtsinnigen, dy't bewenne wurdt troch Ian en Luz, in man en frou lykas de Ila: mei it stal fan minsken mar de macht fan goaden.
Luz leit Marak út dat de sljochtsinnigen "wêzentsjes" yn it bloed hawwe dy't sa lyts binne dat se mei it bleate each net gewaar te wurden binne. Dy saneamde "makkers" of nanoselen binne skepen troch Ian en Luz en dêrnei yn 'e wrâld ferspraat. It is Luz dy't de sljochtsinnigen nei it easten ta roppen hat troch mei de stimmen yn harren holle tsjin har te praten en harren it gefoel te jaan dat de wrâld nei it easten ta kantelet. Neffens Luz libbet de Ila al achthûndert jier op dizze wrâld, en hat se mei har eigen makkers minske en bist oanpast om te oerlibjen yn 'e ûnherberchsume woastyn. Oaren lykas de Ila (mar net de Ila sels) hiene earder sokke makkers op oare wrâlden loslitten, wêrûnder ien dy't al bewenne waard: de thúswrâld fan it bûtenierdske ras fan 'e ondat. Dyselden begûnen neitiid yn 'e romte foarby de loft in oarloch tsjin 'e meistanners fan 'e Ila en ferdylgen harren. De Ila hat har al dy iuwen op dizze wrâld witten te ferskûljen. Fjirtich jier lyn ûntdieken de ondat lykwols har oanwêzigens hjirre, en sûnt hawwe se plannen makke om har en har skepping te ferneatigjen. Luz har folk hat mei de ondat ûnderhannele en tiid krigen om 'e makkers fan 'e Ila te ferdylgjen mei eigen, mear avansearre makkers. De ondat hawwe tasein dat se net de hiele wrâld ferneatigje sille, mar wol dat diel, te witten: de Lakht, dêr't de Ila en de troch har stifte beskaving fêstige binne. Luz en Ian krigen tritich jier de tiid om harren plan yn 'e praktyk te bringen, en de ûnmacht fan 'e Ila om 'e sljochtsinnigen te genêzen is it bewiis fan 'e effektiviteit fan harren makkers.
De tritich jier binne no lykwols om, en de ondat binne úteinset mei it bombardearjen fan 'e wrâld mei meteoriten, in "rein" dy't in hichtepunt berikke sil mei in reuseftige meteoryt dy't de beskaving op 'e Lakht yn ien klap fuortfeie sil. Luz wit dat de krite om har toer hinne (dy't eins it romteskip is dêr't sy en Ian mei nei it planeetoerflak omleech kommen binne) sparre wurde sil as de hammer fan 'e ondat delkomt. Hoewol't dat eins tsjin 'e geast fan 'e oerienkomst mei de ondat yn giet, wol sy safolle mooglik minsken yn har toer sammelje om se te rêden fan it delkommen fan 'e hammer, ûnder wa, as hja komme wol, sels de Ila sels. Luz freget Marak om werom te reizgjen nei Oburan en safolle mooglik lju dêrwei nei har toer te lieden. Marak, dy't om syn mem en suster yn noed sit en syn ôfspraak mei de Ila neikomme wol, seit ta dat er dwaan sil wat er kin. Mei Tofi, Hati en Norit set er ôf werom nei Oburan, wêrby't er troch Luz mei de stimmen yn syn holle sûnder ophâlden oanfitere wurdt om oan te meitsjen.
Werom by Oburan sjogge Marak en syn selskipslju ta har alteraasje dat de stêd omjûn wurdt troch in reuseftich tintekamp: de oanboazjende rein fan meteoriten hat de befolking fan 'e wrâld sa ûntrêstge, dat alle nomadyske stammen út 'e woastyn en de ynwenners fan alle oäzedoarpen gearkommen binne by de hillige stêd. Marak komt syn ôfspraken mei de Ila nei en rapportearret oan har wat er yn 'e Anlakht beëasten de Lakht oantroffen hat, wa't Luz is en wat se tsjin him sein hat. De Ila jout ta dat se al foar it ferstân hie dat der sa'nent as Luz wêze moast. Hoewol't se Luz as har fijân beskôget, is it har dúdlik dat se net yn Oburan oerlibje kin, mei't dat as de sit fan har macht sûnder mis it wichtichste doelwyt fan 'e ondat wêze moat. Se beslút dêrom yn te gean op it oanbod fan Luz om eltsenien beskûl te bieden dy't har toer op 'e tiid berikke kin. It resultaat sil de grutste karafaan wêze dy't de wrâld ea sjoen hat, want as de Ila fuorttsjocht, giet de hiele befolking mei. Immen moat dy karafaan liede, en de Ila jout dy posysje oan Marak.
Fan it begjin ôf oan beseft Marak dat er nea eltsenien rêde kinne sil yn it bytsje tiid dat er noch hat. Hy beslút dêrom dat de fluggen net troch de stadigen opholden wurde moatte sadat by eintsjebeslút eltsenien omkomt. Foaroan yn 'e marsoarder pleatst er de Keran, de stamme fan syn frou Hati, ûnder lieding fan syn skoanpake Aigyan, yn in eareposysje. Dêrefter pleatst er de Haga, de stamme fan syn mem Kaptai, dy't mei syn suster Patya yndie rêden en beskerme is troch de Ila, sa't se him ûnthjitten hie. Dêrnei komt hysels mei syn beide froulju, de karafaan fan Tofi en de húshâlding fan kaptein Memnanan (dy't er beskûl oanbiedt), folge troch it kamp fan 'e Ila en har tsjinstfolk en soldaten, ûnder lieding fan Memnanan sels. Dêrnei komme de oare nomadyske stammen, dan de doarpen en úteinlik, hielendal efteroan, de stedsjers út Oburan. Yn dy folchoarder tsjocht de grutte karafaan troch de woastyn yn in barre tocht dy't Luz fierstente stadich giet. As oft Marak noch net genôch om hannen hat, soarget syn heit Tain foar bykommende swierrichheden. Om wraak te nimmen foar syn delfal fermoardet er Marak syn mem Kaptai. Marak efterfolget him troch de karafaan nei efteren ta, mar moat lang om let opjaan en weromkeare nei foarren, dêr't er Patya tenei deun by him hâldt. Sa komt de jonge frou oanhâldend yn oanrekking mei Tofi, de jonge karafaanlieder, en sy beide wurde fereale opinoar en trouwe úteinlik mei Marak syn seine.