thumb|250px|Sulamith und Maria(Franz Pforr). thumb|250px|Italia und Germania(Johann Friedrich Overbeck). De Nazareners foarmen in keunstnersgroep, dy't yn 1809 troch Dútske keunstners oprjochte waard. Fertsjintwurdigers fan 'e styl stiene yn 'e regel tichteby it katolisisme en in soad bekearden harren ta it katolisime. De eftergrûn wiene de sosjaal-politike feroarings, dy't harren wjerslach op 'e keunst en it ûnderwiis oan 'e keunstakadeemjes hiene. It doel fan 'e Nazareners wie om de keunst te fernijen yn 'e geast fan it kristendom en hja brûkten de Italjaanske en Dútske masters dêrby as foarbyld. Mei harren wurk beynfloeden de Nazareners de hiele romantyk.

Untstean De Nazareners ûnstiene as in reaksje op de hearskjende Frânske moade fan it klassisisme. Op 'e Weenske Akadeemje foarmen yn 1809 jonge keunsters in groep, dy't harrensels it Lukasbûn (Lukasbund) neamden. Hja leine de klam op it fjoer fan it religieuze gefoel en besochten de Italjaanske keunstners fan 'e 15e iuw nei te dwaan, de Quattrocentisten, dy't mei harren naïve en fromme styl neffens har in ferfine en djippere sfear hie as de lettere, folslein ûntwikkele keunst fan 'e Renêssânse.

Rome Yn 1810 ferlieten de skilders Friedrich Overbeck, Joseph Sutter, Franz Pforr, Johann Konrad Hottinger, Joseph Wintergeist en Ludwig Vogel de akademy om har yn Rome nei wenjen te setten yn it leechsteande kleaster fan San Isidoro by de Villa Ludovisi. Hja kamen dêr graach yn Café Greco byinoar te jûnpraten en de groep hie in spesifyk kapsel, dat yn 'e midsiuwen gewoan wie: lang steil hier mei de skieding yn 'e midden. En rûnen hja der opfallend sleau by en dêrfandinne waarden de 'bruorren' fan it Lukasbûn al gau spytgnyskjend "Nazareners" neamd.

De skilders kreëarden dêr harren eigen selskeazen identiteit. Hja stribben nei it ideaal fan it ûnpersoanlike, it freonlike, it asketyske en argaisme yn foarm en kleur. Yn 'e rin fan 1811 kamen mear keunstners nei Rome, dy't sympatisearren mei it Lukasbûn. Dêrûnder wiene Willhelm von Schadow, Johannes Veit, Peter Cornelius en Christian Xeller. Hottinger koe net oan 'e strange easken fan it bûn foldwaan en skiede him fan 'e mienskip ôf. Yn dat jier skildere Overbeck syn Germania und Italia, dat letter model stie foar de Nazarener styl. It skilderij lit twa jonge froulju sjen dy't Itaalje en Dútslân symbolisearje en is in allegory fan de oerwinning fan tsjinstellings yn 'e keunst. thumb|left|Germania(Philipp Veit). Franz Pforr stoar yn 1812 en de bruorren fan it bûn ferhûzen nei it Palazzo Guarnieri yn 'e wente fan Pforr. Yn dy tiid bekearden ferskillende protestantske en joadske Nazareners harren ta it katolike leauwen. Carl Eggers brocht by de bruorren de freskokeunst ûnder it omtinken en yn 1814 ûntwikkele Peter Cornelius in programma foar de Akadeemjes om de Dútske keunst en it skilderjen fan fresko's nij libben yn te blazen. De fresko's dy't de bruorren fan it bûn yn it Casa Bartholdy skilderen, soargen foar nije opdrachten. Troch harren singeliere libbenswize en wurk yn Rome krigen hja ynternasjonale ynfloed op 'e 19e-iuwske skilderkeunst, fral op 'e Ingelske Prerafaeliten.

Dútske trochbraak De grutte trochbraak fan 'e Nazareners yn Dútslân begûn yn 1818 mei in besite fan 'e Beierske kroanprins Loadewyk oan Rome. Die hie in soad niget oan 'e keunst fan 'e Nazareners en hy woe fan München in nij sintrum fan 'e romantyske keunst yn Dútslân en Itaalje meitsje. Ta eare fan 'e kroanprins organisearren de Dútske keunsters op 29 april 1818 in grut ôfskiedsfeest yn 'e Villa Schultheiß op 'e Monte Parioli. De keunsters makken yn alle hasten by it feest passende dekoraasjes en yn 'e haadromte fan 'e filla waarden skilderijen fan Cornelius, Fohr, Veit, Overbeck Von Schadow en Schnorr von Carolsfeld ophongen. De kroanprins wie djip ûnder de yndruk en soe by it ôfskie Auf Wiedersehen in Deutschland roppen ha. Op 'e selde dei ferdronk de noch mar 23 jier âlde Karl Philipp Fohr yn 'e Tiber, dy't twa jier earder mei syn hûn Grimsel rinnend fan Heidelberg nei Rome gie om him dêr fierder oan syn keunststúdzje te wijen.

In pear jier letter wiene direkteursposten op 'e akadeemjes fan Düsseldorf, Berlyn en Frankfurt am Main beset troch Nazareners. Dat wie oan it wurk fan Cornelius en it opkommende romanytske nasjonalisme te tankjen, mar ek oan de Beierske kening. De earste grutte opdracht dy't Cornelius fan Loadewyk I krige, wiene de fresko's fan 'e Glyptothek yn München, dy't tusken 1820 en 1830 ûnstienen. Mei't Loadewyk I him as beskermhear fan 'e Nazareners opsmiet, ûnstienen in soad Nazareenske keunstwurken.

De Nazareners hiene te meitsjen mei in soad krityk, lykas fan Goethe. Nei it revolúsjejier 1848 en it dêropfolgjende Prusyske bewâld rekke de ynfloed fan 'e Nazareners op 'e Dútske keunst yn it neigean. It antykatolike klimaat yn Dútslân mei as gefolch de Kulturkampf brocht in ein oan de beweging.

Werwurdearring Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw waard troch Keith Andrews it boek "The Nazarenes – A Brotherhood of German Painters in Rome" útjûn. Tagelyk wiene der ek ferskillende lytse útstallings yn bygelyks Neurenberch. Sûnt de jierren 1970 ûnstie der in werwurdearring fan it 19e-iuwske histoarisme yn 'e keunst.

Wichtige fertsjintwurdigers Johannes Bochenek (1831–1909) Carl Joseph Begas (1794–1854) August Adolf Chauvin (1810–1884) Peter von Cornelius (1783–1867) Ernst Deger (1809–1885) Konrad Eberhard (1768–1859) Marie Ellenrieder (1791–1863) Gebhard Flatz (1800–1881) Joseph von Führich (1800–1876) Josef von Hempel (1800–1871) Franz Ittenbach (1813–1879) Gustav Jäger (1808–1871) Leopold Kupelwieser (1796–1862) Ferdinand Olivier (1785–1841) Friedrich Olivier (1791–1859) Friedrich Overbeck (1789–1869) Johann David Passavant (1787–1861) Carl Gottlieb Peschel (1798–1879) Franz Pforr (1788–1812) Johann Anton Ramboux (1790–1866) Theodor Rehbenitz (1791–1861) Friedrich Wilhelm von Schadow (1788–1862) Johann Scheffer von Leonhartshof (1795–1822) Julius Schnorr von Carolsfeld (1794–1872) Ludwig Schnorr von Carolsfeld (1788–1853) Johann von Schraudolph (1808–1879) Claudius Schraudolph (1813–1891) Joseph Settegast (1813–1890) Philipp Veit (1793–1877) Josef Wintergerst (1783–1867) Johann Michael Wittmer (1802–1880) Adolf Zimmermann (1799-1859)

Kategory:Skilderstyl Kategory:Keunststreaming Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1809