It aartsbisdom Freiburg (Dútsk: Erzbistum Freiburg; Latyn: Archidioecesis Friburgensis) is it meast súdwestlike aartsbisdom fan Dútslân. De aartsbiskop fan Freiburg is de metropolyt fan 'e Bopperynske tsjerkeprovinsje mei de suffragane bisdommen Mainz en Rottenberg-Stuttgart.

thumb|left|Munster fan Freiburg. It aartsbisdom waard yn 1821 oprjochte út it bisdom Konstanz en dielen fan 'e bisdommen Mainz, Straasburg, Worms en Würzburg. De tsjerkeprovinsje bestie yn 1821 út fjouwer suffragaanbisdommen, dy't gearfoelen mei de nije steatsgrinzen fan nei de Frânske Revolúsje. Yn 1929 waard de tsjerkeprovinsje lytser makke troch Limburch by it aartsbisdom Keulen te foegjen en Fulda by it nije aartsbisdom Paderborn.

It bisdom is nei Keulen, Münster en Rottenburg-Stuttgart it grutste bisdom fan Dútslân. De biskopssit stiet yn 'e munster fan Freiburg.

List fan Biskoppen 07-06-1824 - 06-03-1836: Bernhard Boll 11-05-1836 - 21-03-1842: Ignatz Anton Demeter 15-06-1842 - 14-04-1868: Hermann von Vicari 02-05-1882 - 08-04-1886: Johann Baptist Orbin 02-06-1886 - 22-10-1896: Johannes Christian Roos 21-03-1898 - 11-05-1898: Georg Ignatz Komp 02-08-1898 - 27-06-1920: Thomas Nörber 06-09-1920 - 07-12-1931: Karl Fritz 21-05-1932 - 14-02-1948: Conrad Gröber 27-07-1948 - 28-04-1954: Wendelin Rauch 27-07-1954 - 03-03-1958: Eugen Viktor Paul Seiterich 14-05-1958 - 26-06-1977: Hermann Josef Schäufele 15-03-1978 - 01-07-2002: Oskar Saier 16-06-2003 - 17-09-2013: Robert Zollitsch 30-05-2014 - : Stephan Burger

Freiburg Kategory:Freiburg im Breisgau Kategory:Baden-Wuertemberch Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1821