It bisdom Dresden–Meißen (Dútsk: Bistum Dresden–Meißen; Latyn: Dioecesis Dresdensis–Misnensis) is in bisdom fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn Dútslân. It is suffragaan oan it aartsbisdom Berlyn.
Yn it jier 968 waard it bisdom Meißen stifte, dat yn 1539 mei de ynfiering fan 'e protestantske reformaasje opheft waard. Sûnt 1567 wie Meißen in apostoalyske prefektuer, in gebiet dat as missygebied beskôge waard en dêr't misjonêr wurk dien wurde moast.
It bisdom waard yn 1921 op 'e nij stifte. Mei't de sit fan it bisdom yn 1980 ferhûze waard de namme fan it bisdom oanpast yn Dresden-Meißen. Oant 1994 foel it bisdom net ûnder in aartsbisdom en wie it in exempt bisdom (latyn foar 'frijsteld'). Mei Berlyn en Görlitz foarmet Dresden-Meißen sûnt de tsjerkeprovinsje Berlyn.
De katedraal fan it bisdom is de dom yn Dresden, de eardere, tusken 1739 en 1755 ûnder karfoarst Frederik August II boude katolike hôftsjerke.
List biskoppen 1921 - 1930: Christian Schreiber 1931 - 1932: Conrad Gröber 1932 - 1951: Petrus Legge 1951 - 1957: Heinrich Wienken 1958 - 1970: Otto Spülbeck 1970 - 1987: Gerhard Schaffran 1988 - 2012: Joachim Friedrich Reinelt 2013 - 2015: Heiner Koch 2016 - : Heinrich Timmerevers
Katedraal thumb|left|Trinidatiskatedraal, Dresden.
Dresden-Meissen Kategory:Dresden Kategory:Saksen (dielsteat) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1921