Forge of Heaven is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Smidterij fan 'e Himel" of "Smidterij yn 'e Himel". It boek is in ferfolch op 'e roman Hammerfall (2001), dêr't it de duology The Gene Wars mei foarmet. Forge of Heaven waard yn 2004 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij HarperCollins Publishers fia de ymprint Eos.

It ferhaal folget de foarfallen op en boppe de yn karantêne ferkearende planeet dy't no Maraks Wrâld neamd wurdt. Iuwen nei't de driging fan ûnbehearskbere nanotechnology de Gene-oarloggen feroarsake, jout de ûnstjerlike Marak Trin Tain dêre lieding oan it wer ta libben bringen fan 'e wrâld. Yn in geosyngroane baan om Maraks Wrâld hinne rûntsjedraait it romtestasjon Concord, dat in miljoen bewenners hat. Dêrwei hâlde de Ierdske gûverneur, de koloniale autoriteiten en de bûtenierdske ondat yn in prekêr trijesidich lykwicht tafersjoch op it dwaan en litten fan Marak en de oare ûnstjerliken op it planeetoerflak. De ûnferwachtse oankomst fan in Ierdsk romteskip bringt Concord yn rep en roer oant minsklike yntriizjes sawol it wûnder fan Maraks Wrâld bedriigje as de ûnbegryplike en ûnmeilydsume ondat oansette ta yngripen. __TOC__ Ynhâld Foarskiednis It troch de minskheid behearske part fan 'e romte is foarstelber as in bolfoarmich gebiet, besteande út trije ôfsûnderlike dielen. It earste diel wurdt foarm troch de Ierde, dy't net sintraal yn 'e bol sitewearre is, mar ynstee deunby de fierste kant. It twadde diel binne de Binnenwrâlden, de ierste troch de minsken kolonisearre planeten. En it trêde diel is de saneamde Bûtenkant, dêr't de letter kolonisearre planeten ta hearre en fral ek in grut tal reuseftige romtestasjons dy't om ûnbewenbere planeten hinne rûntsjedraaie. De minsklike bol yn 'e romte oerlapet oan 'e neiste kant, by Maraks Wrâld en it romtestasjon Concord, krekt eefkes in oare bol, dy't it part fan 'e romte omfiemet dat behearske wurdt troch de bûtenierdske ondat.

Binnen de minsklike bol yn 'e romte foarmje de Binnenwrâlden in lytsere bol en it Sinnestelsel mei de Ierde sels in trêde bol (as wiene it yninoar passende matrûsjkapopkes). De Ierde wol út noch yn net witte fan biotechnologysk ompielen mei it minsklik genoom, en eltse foarm fan genetyske manipulaasje is der strang ferbean. Om foar te kommen dat oerdraachbere keunstmjittige genetyske mutaasjes de Ierde berikke, mei nimmen fan bûten it Sinnestelsel dêr foet sette op in planeet, moanne of romtestasjon. De Binnenwrâlden, dy't as in soartemint buffer foar de Ierde funksjonearje, ûnderhâlde in soartgelikens belied en litte nimmen út 'e Bûtenkant ta. De Bûtenkant is lykwols folle frijer; dêr is it hiel normaal om beskate genetyske modifikaasjes, saneamde mods te nimmen, dy't bgl. de sintugen skerper meitsje en telekommunikaasje ynternalisearje.

Tûzenen jierren lyn ûntstie der yn 'e Bûtenkant in anty-Ierdske splintergroep dy't himsels "de Beweging" neamde en him ôfsette tsjin 'e Ierde troch it gebrûk fan genetyske manipulaasje folslein frij te jaan. Troch it ferienjen fan nanotechnology (mikroskopyske apparaatsjes) mei biotechnology waarden lânbougewaaksen, fee en sels minsken genetysk oanpast om oerlibje te kinnen op planeten dêr't soks oars net mooglik wêze soe. Minsken waarden dêrtroch op oererfbere manearen feroare, ta ôfgriis fan 'e Ierde. It resultaat wie de oanhâldende karantêne, wêryn't de Ierde en de Binnenwrâlden de Bûtenkant pleatsten (of, fan 'e oare kant ôf besjoen, harrensels). In oar resultaat wie dat de oergrutte mearderheid fan 'e Bûtenkanters, dy't neat mei de Beweging út te stean hie, troch de Ierde yn 'e steek litten waard. Fan gefolgen organisearre de Bûtenkant in eigen feriene regear dat residearre op it romtestasjon Apex.

Meitiid ûntstie der in ûnnoflike alliânsje fan 'e Ierde mei it regear op Apex om 'e Beweging te bestriden. It skeel tusken de beide partijen bleau ûnfermindere bestean, mar it wie dúdlik dat de Beweging tsjinkeard wurde moast foar't der troch de ûnbeheinde genetyske manipulaasje in ramp ûntstie dy't de hiele minskheid treffe soe. In rige militêre súksessen fan 'e Ierde en de Bûtenkant dreau de Beweging nei de râne fan it troch de minsken behearske diel fan 'e romte ta. Dêr liet de Beweging syn nanismen los op in ûnbewenne planeet yn tarieding foar it opsetten fan in basis dêre. Mar de bûtenierdske ondat, dy't yn dyselde snuorje harren ynfloedssfear yn 'e romte oan it útwreidzjen wiene, lânen op dy planeet en rekke sûnder erch besmet mei de nanismen, dy't se dêrnei mei weromnamen nei harren thúswrâld. Dêrmei lieten se by fersin in ramp op harren eigen soarte los, dy't jammerdearlike gefolgen hie foar harren maatskippij en kultuer.

De ondat beskôgen dat as in oanfal en begûnen in oarloch tsjin 'e minskheid, mei't se gjin ferskil seagen tusken Beweging, Bûtenkant en Ierde. De Ierde en de Bûtenkant krigen pas letter foar it ferstân wat der krekt bard wie, mar se beseften daliks al dat de Beweging op 'e iene of oare manear de oarloch feroarsake hie. Dêrom diene se fan it begjin ôf oan war om dúdlik te meitsjen dat se neat mei de Beweging út te stean hiene. Doe't oarlochsskippen fan 'e Ierde en de Bûtenkant har by de oanfallen fan 'e ondat op 'e Beweging joegen, akseptearren de ondat alteast dat net alle minsken harren fijannen wiene. Nei de úteinlike nederlaach fan 'e Beweging en de selsmoard fan 'e lêste lieders loeken de ondat har werom nei har eigen grins, dêr't se tenei minsklike romteskippen beskeaten sadree't se dy seagen, mar se net efterfolgen as se útnaaiden.

Underwilens hie de Bûtenkant, troch wat der nedich wie foar de oarloch, syn selsbestjoer ferlern. De Ierde hie nammentlik de kontrôle oer Bûtenkanter romtestasjons oernommen en der in koloniaal rezjym fêstige mei gûverneurs dy't ôfkomstich wiene fan en trou wiene oan de Ierde. (Dyselden wiene lykwols libbenslange ballingen, mei't se nea wer nei de Ierde weromkeare koene.) Dat ferrie, sa't it troch de Bûtenkant sjoen waard, sette in protte kwea bloed tsjin 'e Ierde. De absolute fysike isolaasje dy't Ierde tsjin 'e Bûtenkant ynsteld hie, betsjutte lykwols dat de Bûtenkanters foar it meastepart dwaan koene wat se woene en har eigen ynterne regear beholden, dat njonken it offisjele Ierdske bestjoer funksjonearre. De Bûtenkanter wittenskip sette nei de nederlaach fan 'e Beweging útein mei it "genêzen" fan 'e skea dy't troch de Beweging oan ferskate kolonisearre planeten tabrocht wie. Dat ferhelpen waard dien troch it gebrûk fan mear nanotechnology, dy't diskear ûnder strang tafersjoch en strikte beheinings tapast waard.

Sawol de Ierde as de Bûtenkant hiene bliuwend baat by in foarm fan gearwurking, want hoewol't de Ierde in sterke romtemacht hie dy't de ondat yn it gefal fan in nije oarloch tsjinkeare koe, bestie op 'e Ierde troch de eigen ôfwizing fan eltse foarm fan genetyske manipulaasje gjin kennis mear oer dat soarte saken. Dat betsjutte dat foar it tsjingean fan in biotechnologyske oanfal fan 'e kant fan 'e ondat fertroud wurde moatte soe op 'e Bûtenkanter wittenskip. Foar de Bûtenkant wie de sitewaasje presys oarsom: dêr bestie wol de kennis om in biotechnologyske oanfal tsjin te gean, mar ûntbriek in romtemacht om in fysike oanfal tsjin te kearen. Beide partijen wiene sadwaande min ofte mear ta inoar feroardiele.

Yn 'e iuwen dy't folgen, stiek op in stikmannich Bûtenkanter romtestasjons de Twadde Beweging de kop op. Dat wie in organisaasje dy't dan wol syn namme tanke oan wat no mei weromwurkjende krêft de Earste Beweging neamd waard, mar dy't dêr gjin direkte bannen mei hie. De Twadde Beweging wie anty-Ierdsk en kante him fûleindich oan tsjin 'e karantênewetten. It idee wie om 'e oantaaste planeten te "genêzen" troch alle beheinings op it mêd fan nanotechnology ôf te smiten. Mar nei't in biobesmettingsynsidint op it romtestasjon Arc de ynterne relaasjes op skerp sette, foel de Twadde Beweging útinoar. In diel fan 'e oanhingers fersmiet de eardere oertsjûgings en holp de Bûtenkanter autoriteiten om 'e rest fan 'e organisaasje op te rôljen.

Dat diel fan 'e Twadde Beweging ûntjoech him dêrnei ta de relatyf goedaardige Frijtinkers, in subkultuer dy't him oankante tsjin alle foarmen fan gesach en dêr utering oan joech troch it hâlden fan demonstraasjes en de wegering om him te hâlden oan 'e algemien jildende noarmen en wearden. Ut 'e Frijtinkers kaam noch wer letter de Styl fuort, in subkultuer fan 'e radikale sjiken mei in eigen muzyksjenre en in fetisjisme foar lichemsfersiering troch it gebrûk nanotechnology. Beide subkultueren wiene ek behelle yn it smokkeljen fan alderhanne guod. De radikale restanten fan 'e Twadde Beweging giene ûnderwilens ûndergrûnsk en begûnen harsels de Trêde Beweging te neamen. De aktiviteiten fan dy organisaasje waarden yn bloed smoard nei in mislearre gewelddiedige oername fan 'e ferhelpinglaboratoaria op Arc.

Sa giene nei de nederlaach fan 'e Earste Beweging achthûndert jier foarby. Doe waard op in stuit in oant dan ta ûnfermoede basis fan 'e Earste Beweging ûntdutsen op in planeet oan 'e ondat-kant fan 'e grins. Nei in protte ûnderlinge strideraasje fan 'e ferskillende minsklike autoriteiten waard yn breklike kommunikaasje mei de ondat besletten om te besykjen en rêdt de minsklike populaasje fan 'e noch nammeleaze planeet, wylst de ondat mei in bombardemint fan meteoriten alle fierdere libben útrûgen. Twa Bûtenkanter wittenskippers, Ian en Luz, lânen as frijwilligers op it oerflak fan 'e planeet, wittende dat se dêr nea wer wei koene. Oer in perioade fan fjirtich jier yntrodusearren se eigen nanismen yn 'e minsklike befolking dy't de nanismen fan 'e Earste Beweging tsjingean moasten. De redens foar alle muoite dy't de Bûtenkanters diene om 'e planeetbewenners te rêden, wie net inkeld humanitêr, mar wie der ek op rjochte om 'e technology fan 'e Earste Beweging ûnskeind yn 'e hannen te krijen, sadat troch in better begryp de skea op 'e oantaaste planeten better ferholpen wurde koe.

Ian en Luz hiene mei tsjinslaggen te krijen, mar op it nipperke foar't de ondat de planeet ferwoastgen, wisten se troch tadwaan fan 'e ealman en rebellelieder Marak Trin Tain in grut part fan 'e befolking te rêden troch dy lju te húsfêstjen yn harren toer (eins in rjochtopsteand romteskip) en yn it grutte tunnelstelsel dêrûnder (sjoch: Hammerfall). Mank de oerlibbenen wie ek de Ila, de mear as achthûndert jier âlde hearskeresse fan 'e planeet en in oarspronklik lid fan 'e Earste Beweging. Troch har nanismen, dy't oanhâldend alle skea oan har lichem reparearren, wie hja nammentlik ûnstjerlik wurden. De nanismen dy't Ian en Luz ûntwikkelen en dy't de nanismen fan 'e Ila oerkinne moasten, hiene needsaaklikerwize deselde funksje, mei as gefolch dat der op 'e planeet in groep fan ûnstjerliken ûntstie, ûnder wa Luz, Ian, de Ila, har kaptein Memnanan, Marak, dy syn froulju Hati en Norit, en ferskate oaren. Mei't de nanismen oererfber wiene, hiene ek al Marak syn bern, bernsbern en letter neikommelingen deselde ûnstjerlikens.

Underwilens waard der, mei muoite, in ferdrach sletten tusken de minskheid en de ondat oer de planeet, dy't meitiid Maraks Wrâld kaam te hjitten. Dat resultearre yn 'e bou fan in romtestasjon yn in geosyngroane baan om 'e planeet, om tafersjoch te hâlden op it wer ta libben bringen fan 'e wrâld dêrûnder. It stasjon waard Concord ("Iendracht") neamd. De Ierde stjoerde in gûverneur mei ûnderhearrigen om it stasjon te bestjoeren. De Bûtenkanter Ried op Apex rjochte in eigen parallel regear op ûnder in foarsitter, en dêrnjonken in Buro foar Planetêre Observaasjes (PO) om fia ynternalisearre telekommunikaasjekanalen kontakt mei Marak, Luz, Ian en de oare ûnstjerliken te ûnderhâlden. De ondat ynstallearren op it stasjon, efter in tsjûk tuskenskot, in eigen waarnimmer (of mooglik waarnimmers, dat bleau ûndúdlik), mei wa't de minsken mar komselden kontakt hiene.