De ljochte kakketoefûgels (wittenskiplike namme: Cacatuini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de boppefamylje fan 'e kakketoes (Cacatuoidea), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte kakketoefûgels (Cacatuinae).

Ta dizze tûke hearre 15 ûnderskate soarten kakketoes. De oranjetoefkakketoe (Cacatua citrinocristata) wurdt noch mar sûnt 2022 erkend as selsstannige soarte. Earder waard dy fûgel sjoen as in ûndersoarte fan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea). De nau oan 'e ljochte kakketoefûgels besibbe swarte kakketoe (Probosciger aterrimus) is ûnderbrocht yn in eigen tûke, dy fan 'e swarte kakketoefûgels (Microglossini).

Tûke-opbou

tûke ljochte kakketoefûgels (Cacatuini) skaai helmkakketoes (Callocephalon) helmkakketoe (Callocephalon fimbriatum) skaai rôze kakketoes (Eolophus) rôze kakketoe (Eolophus roseicapilla) skaai wite kakketoes (Cacatua) ûnderskaai echte wite kakketoes (Cacatua) blau-eachkakketoe (Cacatua ophthalmica) grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita) lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea) Molukske kakketoe of Molukkenkakketoe (Cacatua moluccensis) oranjetoefkakketoe (Cacatua citrinocristata) wite kakketoe of wyttoefkakketoe (Cacatua alba) ûnderskaai Inka-kakketoes (Lophochroa) Inka-kakketoe (Cacatua leadbeateri) ûnderskaai korellakakketoes (Licmetis) bleateachkakketoe (Cacatua sanguinea) Filipynske kakketoe (Cacatua haematuropygia) langsnaffelkakketoe (Cacatua tenuirostris) Salomoneilânske kakketoe of Salomonskakketoe (Cacatua ducorpsii) Tanimbarkakketoe, goffinkakketoe of Goffins kakketoe (Cacatua goffiniana) westlike langsnaffelkakketoe (Cacatua pastinator)

Kategory:Kakketoefûgel