It snieloaihoars (wittenskiplike namme: Panthera uncia, foarh. Uncia uncia), soms ek wol de sniepanter neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e grutte katten (Pantherinae) en it skaai fan 'e panters (Panthera). It is gjin ûndersoarte fan it loaihoars (Panthera pardus), sa't faak tocht wurdt, mar ynstee in selsstannige soarte. Dit bist komt foar yn 'e berchgebieten fan eastlik Sintraal-Aazje en noardlik Súd-Aazje, rûchwei fan 'e Himalaya oant de Baikalmar. It is in karnivoar dy't benammen oerdeis aktyf is en syn proaien op steile berchskeanten bejaget. Dit bist hat te krijen mei habitatferlies en streuperij. De IUCN klassifisearret it snieloaihoars as kwetsber (it leechste fan 'e trije nivo's fan bedriigdheid).

Namme De Fryske namme 'snieloaihoars' komt fan it feit dat dit bist in spikkelbûnte pels hat dy't liket op dy fan it bekendere loaihoars (Panthera pardus), en fan it feit dat er yn besnijde berchgebieten libbet. Uncia, it soartspecifike diel fan 'e wittenskiplike namme Panthera uncia, komt fan it Aldfrânske wurd once, dat fan âlds in oantsjutting foar de Jeraziatyske lynks (Lynx lynx) wie. De oarspronklike foarm fan dat wurd wie lonce, in ôfsliten ferbastering fan it Latynske lynx, mar meitiid waard dat misbegrepen as l'once, mei't it beskaat lidwurd (le of la, mar yn dit gefal la) yn it Frânsk foar in haadwurd dat mei in fokaal begjint, gearlûkt ta l’. (Men miende dus dat it net de lonce wie, mar de once.) Letter waard uncia, in latinisearre fariant fan once, brûkt as namme foar it earder yn Jeropa ûnbekende snieloaihoars.

Taksonomy It snieloaihoars waard foar it earst yn 1777 wittenskiplik beskreaun troch de Dútske soölooch Johann Christian Daniel von Schreber, dy't it bist de wittenskiplike namme Felis uncia joech. It taksonomyske skaai Felis, dat no inkeld foar de wylde katten brûkt wurdt, wie doe nammentlik in sammelbak foar alle kateftigen. De beskriuwing fan Schreber, dy't noch nea in snieloaihoars sjoen hie, wie basearre op in eardere, net-wittenskiplike beskriuwing troch Georges-Louis Leclerc, greve fan Buffon. Yn 'e beskriuwing wie de misfetting opnommen dat it snieloaihoars foarkaam oan 'e Barbarijske Kust fan Noard-Afrika, yn Perzje, Sina en East-Ynje.

Ferskate biologen beskreaune yn 'e njoggentjinde iuw kateftigen út Aazje dy't letter synonym mei it snieloaihoars blieken te wêzen, lykas Felis irbis fan Christian Gottfried Ehrenberg (1830) en Felis uncioides fan Thomas Horsfield (1855). De Ingelske soölooch John Edward Gray steld yn 1854 as earste foar om it snieloaihoars (en oare Aziatyske kateftigen mei in lange en grouwe sturt) yn it nije skaai Uncia te pleatsen. Dat idee krige net daliks neifolging. Mar yn 1930, doe't de Ingelske taksonoom Reginald Innes Pocock in yngeande weryndieling fan 'e kateftigen beärbeide, brûkte er de namme Uncia uncia foar it snieloaihoars. Lange tiid bleau dy yndieling hanthavene, mei it snieloaihoars yn syn eigen, monotypyske skaai. Mar tusken 2006 en 2016 die út ferskate nije ûndersiken bliken dat it bist eins yn it skaai fan 'e panters (Panthera) thúshearde. Dêr waard it doe as fyfde libbene soarte oan tafoege, njonken de liuw (P. leo), de tiger (P. tigris), de jagûar (P. onca) en it loaihoars (P. pardus).

Evolúsje It snieloaihoars ûntjoech him nei alle gedachten tusken 3,7 miljoen en 2,7 miljoen jier lyn ta in selsstannige soarte. De âldste fossilen fan it snieloaihoars, dy't opdobbe binne yn 'e Pabbiheuvels yn Pakistan, geane werom oant it Ier-Pleistoseen.

Fan alle oare soarten panters (Panthera) is it snieloaihoars it naust besibbe oan 'e tiger (Panthera tigris). In ûndersyk út 2016 brocht oan it ljocht dat it mitogondriaal DNA fan sawol it loaihoars (P. pardus) as de liuw (P. leo), dy't nau oaninoar besibbe binne, mear op dat fan it snieloaihoars liket as dat harren nukleêr DNA op dat fan it snieloaihoars liket. Dêrút waard ôflaat dat de foarâlden fan it loaihoars en de liuw (en nei't men oannimme mei ek de nau besibbe jagûar) op in stuit yn harren evolúsje harsels hybridearre hawwe mei de foarâlden fan it snieloaihoars.

Fersprieding It snieloaihoars komt foar yn grutte dielen fan it binnenlân fan Aazje. De noardlikste fersprieding is yn súdlik Sibearje fan it westen fan it Altaiberchtme oant de súdwestpunt fan 'e Baikalmar. Fierder súdlik libbet dit bist yn 'e berchkriten fan noardlik en westlik Mongoalje en Sinkiang-Oeigoerje. Kirgyzje heart yn syn gehiel ta it ferspriedingsgebiet, dat him yn 'e buorlannen yn Sintraal-Aazje fierders útwreidet oer eastlik en súdeastlik Kazachstan, eastlik Oezbekistan en it Pamirberchtme fan eastlik Tadzjikistan. Noch súdliker komt it snieloaihoars foar yn 'e Hindoe-Kûsj fan eastlik en sintraal Afganistan en mear nei it easten hearre frijwol hiel Tibet en Qinghai yn sintraal Sina ta it areaal. De súdlikste fersprieding fan dizze kateftige wurdt markearre troch de Himalaya yn noardlik Pakistan, Yndia, Nepal, Bûtan en it uterste noardlike puntsje fan Birma.

Uterlike skaaimerken It snieloaihoars is gnobsk boud mei koarte poaten en in lichem dat in slachje lytser is as dat fan 'e oare grutte katten út it skaai fan 'e panters (Panthera). It hat trochinoar in kop-romplingte fan 75–150 sm, mei in sturtlingte fan 80–105 sm en in skofthichte fan 56 sm. It gewicht bedraacht by mantsjes 45–55 kg en by wyfkes 35–40 kg. Hiel út en troch berikt in mantsje in gewicht fan 75 kg of bliuwt in wyfke ûnder de 25 kg. De hoektosken mjitte likernôch 2,85 sm.

De pels fan it snieloaihoars is grizich, mar op 'e rêch, siden en de boppekant fan 'e kop útskaaiend nei bêzje en op 'e bealch nei wyt. De grizich-bêzjige grûnkleur is op 'e rêch, op 'e siden en op 'e sturt belein mei grutte swarte rozetten. As oanpassing oan syn kâlde, bercheftige wengebiet is de pels tige ticht, mei hierren fan 5–12 sm lang. In oare oanpassing oan 'e kjeld wurdt foarme troch de lytse earen, dy't waarmteferlies minimalisearje, de grutte brede poaten, dy't it rinnen op snie makliker meitsje, en it hier op 'e soallen fan 'e poaten, dy't foar waarmte soargje mar ek foar in bettere gryp op steile en ynstabile ûndergrûnen. Nettsinsteande syn bercheftige wengebiet beskikt it snieloaihoars net oer in spesifike oanpassing tsjin hichtesykte.

De sturt is sa lang en grou om't der fet yn opslein wurdt, en hat in tsjûke laach ticht hier om him waarm te hâlden. By it rinnen op smelle rânen, steile skeanten en ferglydzjend pún tsjinnet de sturt as tsjinwicht, sadat it snieloaihoars it lykwicht hâlde kin. Yn 'e sliep wurdt de sturt as in soarte fan termysk tekkentsje oer de noas en de eagen hinne lein. Fan oare soarten grutte katten út it skaai fan 'e panters ferskilt it snieloaihoars troch in koartere snút, in ferhege foarholle, in fertikaal ôfrinnend kin en in minder goed ûntwikkele efterste part fan 'e ûnderkaak.

Biotoop Snieloaihoarsen binne berchbewenners, dy't foarkomme yn it heechberchtme op in hichte fan 2.700–6.000 m boppe seenivo. Dêrby moat oantekene wurde dat se yn it noardlike diel fan harren ferspriedingsgebiet, dêr't it kâlder is fanwegen de noardliker breedtegraad, ek op legere hichten foarkomme. Simmerdeis bliuwt it snieloaihoars oer it algemien boppe de beamgrins, mar winterdeis sakket er ôf oant 1.200–2.000 m boppe seenivo. Biotopen dêr't dit bist de foarkar oan jout, binne berchgreiden en steile berchskeanten, it leafst mei in protte rotsich, brutsen terrein.

Hâlden en dragen Aktiviteit Snieloaihoarsen binne solitêr libjende bisten, dy't foar it meastepart aktyf binne fan 'e moarnsdage oant de midden fan 'e moarn, en jitris fan healwei de middei ôf oant en mei de iere jûn. Rêst hâlde se almeast yn 'e neite fan kliffen en berchrânen dy't sawol goed útsjoch as skaad biede. In ûndersyk út 1988 yn it Nasjonaal Park Shey Phoksundo yn westlik Nepal liet sjen dat mantsjes deis 0,5–5,5 km ôfstân ôfleine, en wyfkes 0,2–2,5 km. Dêrby moat oantekene wurde dat dy ôfstannen metten waarden as rjochte linen tusken fêste waarnimmingspunten. Yn it tige op- en delgeande terrein fan 'e Himalaya, dêr't gauris in omwei nommen wurde moat, wie de eigentlike ôfstân tusken dy punten folle grutter. It snieloaihoars kin him fuortbewege yn in oant 85 sm tsjûke snielaach, mar ynstee fan dêr sels in paad troch te klearjen, makket er leaver gebrûk fan paden dy't al troch oare bisten baand binne.

Kommunikaasje De fokalisearrings fan it snieloaihoars rinne útinoar fan miaujen en kroanjen oant grânzgjen en blazen. Nettsjinsteande it feit dat dit bist, krekt as de oare soarten panters, in ûnfolslein ossifisearre (ta bonke wurden) tongbonke hat, kin it snieloaihoars net brulle, om't er folle koartere stimbannen hat (fan 9 mm), dy't in legere wjerstân tsjin luchtstreaming hawwe. Wol kin er 'puffe, wêrby't in koart lûd dat de midden hâldt tusken snuven en proesten útbrocht wurdt, ornaris ta begroeting fan bekende soartgenoaten. Snieloaihoarsen kinne ek spinne as se útazemje.

Territoaria en populaasjetichtens It snieloaihoars hat in territoarium wêrfan't it oerflak ôfhinklik is fan it terrein en de beskikberens fan proaidieren. Yn 'e westlike Himalaya mjitte de territoaria 12– 39 km², mar yn 'e Gobiwoastyn hawwe mantsjes territoaria fan 144–270 km² wylst de territoaria fan wyfkes dêre 83–165 km² beslane. Wat de populaasjetichtens oanbelanget: yn kriten mei proaidieren by 't folop kinne op 'e 100 km² 10 snieloaihoarsen foarkomme. Mar yn habitats dêr't proaidieren krap binne, libje op 'e 1.000 km² mar 5 eksimplaren.

It earder neamde ûndersyk út 1988 nei snieloaihoarsen yn it Nasjonaal Park Shey Phoksundo yn Nepal brocht oan it ljocht dat de territoaria fan fiif fan in halsbân mei in radiostjoerderke foarsjoene snieloaihoarsen inoar foar in grut part oerlapen, hoewol't de bisten inoar mar komselden tsjinkamen. Ut in ûndersyk nei snieloaihoarsen yn 'e Gobi, út 'e jierren 2008–2014, die bliken dat de territoaria fan ûnderskate eksimparen inoar dêre foar likernôch 20% oerlapen. Territoaria wurde markearre mei rookflaggen, troch mei de kop by rotsen lâns te wriuwen, troch it efterlitten fan urine of dong op paden dy't (troch snieloaihoarsen) in protte brûkt wurde, en troch it besproeien fan beskate rotsen mei urine.

Fuortplanting De peartiid falt foar it snieloaihoars ier yn it jier, fan jannewaris oant en mei maart. Wyfkes binne mar 5–8 dagen maartsk, en as se ienris peare hawwe, sykje se ornaris net in twadde pearingspartner op. Soölogen ornearje dat dêr troch de grutte ôfstannen yn it ferspriedingsgebiet en de tinne populaasjetichtens keppele mei de koarte perioade fan tyldrift net genôch tiid foar is. Om in pearingspartner oan te lûken, markearje wyfkes harren om-en-by mei urine en uterje se in spesifike pearingsrop. As der in gaadlik mantsje oanlutsen is, wurdt de pearing 12–36 kear deis werhelle. Wannear't mantsje en wyfke elts har wegen wer geane, is de rol fan it mantsje by de fuortplanting ôfrûn.

De draachtiid duorret by snieloaihoarsen 90–100 dagen. As de befalling nei-oan komt, siket it wyfke in ûndjippe spelonk of in rotsspjalt op dy't se beklaait mei hier fan har eigen bealch. Dêr bringt it wyfke yn 'e perioade fan ein april oant ein juny in smeet fan yn 'e regel 2–3 welpkes te wrâld bringt. Yn útsûnderlike gefallen kin it tal jongen oprinne oant 7. De welpen wurde blyn en helpleas berne, hoewol't se al wol in tsjûke pels hawwe. Sûnder soene se yn 'e kâlde klimatologyske omstannichheden fan har ferspriedingsgebiet ek net oerlibje kinne. Se weagje by de berte 320–567 g. De eachjes geane mei likernôch 7 dagen iepen en mei 5 wiken kinne de welpen rinne. Mei 10 wiken wurde se ôfwûn. Dêrnei bringt de mem harren fleis fan har proaien yn it nêst, dat de jongen pas ferlitte as se 2–4 moanne âld binne.