Martin Leonard Hindorff (Nyköping, 30 maart 1897 - Stockholm, 5 maart 1969) wie in Sweedsk siler.

Hy die fjouwer kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948 en 1952). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Åke Bergqvist, Tore Holm en Olle Åkerlund. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter; it grutseil mjit 43 m². Martin Hindorff ferstoar op 5 maart 1969, yn 'e âldens fan 71 jier.

Kategory:Sweedsk siler Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1969