De koperneksebrado (Geopelia humeralis) is in fûgelsoarte dy't lânseigen is yn Austraalje en it suden fan Nij-Guineä.

Beskriuwing Koperneksebradowen wurde 26 oant 30 sm grut. De kop, hals en it boarst binne blaugriis. By de snaffel is de fûgel wat ljochter. Efter yn 'e hals en op 'e boppemantel binne de fearren koperkleurich. Syn snaffel is ljochtblau en de iris is giel dat wat nei it grien útskaaid. De keale eachring is blaugriis. Kopernekdowen ha in rôze-wite búk en de rêch en wjukken binne griisbrún. Alle koperkleurige en griisbrune fearren ha in smelle donkere seame. Se ha reade poatsjes en der besteane gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.

Fersprieding De soarte libbet allinne op plakken mei wetter yn 'e omjouwing. Dêrûnder falle de galerijbosken oan rivieren, bosken by wetter, tichte mangroves en, as dêr ek wetter is, savanne's yn healwoastinen.

It ferspriedingsgebiet is it noardwesten, it noarden en it easten fan Austraalje en it suden fan Nij-Guineä. Yn Nij-Guineä komme kopernekdowen yn twa aparte gebieten foar: de regio om Port Moresby en it gebiet oan 'e rivier de Fly. Ek komme se op in pear eilannen yn 'e fan Strjitte fan Torres foar.

Undersoarten De soarte wurdt ferdield yn fjouwer ûndersoarten:

Geopelia humeralis gregalis – súdlik Nij-Guineä Geopelia humeralis headlandi – noardlik West-Austraalje (Pilbara) Geopelia humeralis inexpectata – Noard-Austraalje en it skiereilân Kaap York Geopelia humeralis humeralis – eastlik Austraalje

Gedrach Kopernekdowen sykje harren iten op 'e grûn, it bestiet foar it measte út sied. In nêst wurdt yn in beam of strûk boud. It lechsel bestiet út twa aaikes, dy't nei twa wiken útkomme. De jonge fûgels kinne nei trije wiken fleane.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beöardiele. Dêrfandinne beskôget de IUCN de fûgel as net bedrige.

Keppeling om utens Birdlife. Ebird. Avibase.

Kategory:Sebrado Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje