Jacques Baptiste Lebrun (Parys, 20 septimber 1910 - Neuilly-sur-Seine, 14 jannewaris 1996) wie in Frânsk siler.
Hy die fiif kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932, 1936, 1948 , 1952 en 1960). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen yn de Snowbird. De Snowbird is ûntwurpen yn 1921 as wedstriidboat, foar de Olympyske Spullen fan 1932 waarden boaten liend fan pleatslike eigeners. It boatsje hat in lingte fan 3,66 meter, in breedte 1,5 meter en in djipgong fan 0,7 meter it grutseil mjit 8,60 m². 1932 wie de iennichste kear dat dizze klasse Olympysk wie.
Lebrun wie yn syn deistich libben boatûntwerper. Yn'e Twadde Wrâldkriich holp er as soan fan in listmakker in grut tal keunstwurken út it Louvre te ferbergjen foar de Dútske troepen Jacques Lebrun ferstoar op 14 jannewaris 1996 yn 'e âldens fan 85 jier.
Kategory:Frânsk siler Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1996