It maskerdoke (Oena capensis) is in fûgel dat yn Afrika foarkomt. It is de iennige soarte yn it skaai maskerdowen (Oena).

Beskriuwing thumb|left|Mantsje mei iepen wjukken. Maskerdokes binne lytse dokes fan 22 sm lang mei in spanwiidte fan 28 oant 33 sm en in gewicht fan 40 gram. De sturt fan 'e fûgel is hast like lang as de rest fan 'e fûgel, dy't likernôch like grut is as in mosk. It gesicht, it boarst en de hals fan it mantsje binne swart en de rêch is brúneftich griis. It maskerdoke hat in giel en reade snaffel. It wyfke is brúnefich griis mei in grize snaffel en in ljochtere ûnderkant. By wyfkes ûntbrekt it masker.

De sturtfearren binne foar in grut part swart. De haadslachpinnen en primêre dekfearren fan 'e wjukken binne rustbrún mei swarte rânen.

Fersprieding Maskerdokes ha in grut ferspriedingsgebieten. Se libje yn drûge gebieten lykas healwoastinen mar ek yn agrarysk lânskip.

Undersoarten thumb|250px|Maskerdoke op Madagaskar. Der binne twa ûndersoarten:

O. c. capensis: Afrika súd fan 'e Sahara, Sokotra en it Midden-Easten fan Syprus oant súdwest Iran. O. c. aliena: Madagaskar.

Gedrach thumb|250px|Jong maskerdoke. Maskerdokes kinne goed fleane en by it delkommen wurdt de sturt as in brede waaier iepene. Se libje in soad op 'e grûn en foerazjeare meast op iepen terrein en oan 'e kant fan 'e dyk. It iten bestiet út lyts sied, lykas fan gers, sigge en ûnkrûd. Yn 'e regel wurde maskerdowen allinne oantroffen of yn pearkes, al kinne se by wetter gruttere groepen foarmje.

In nêst wurdt fan takjes yn in strûk boud. Der wurde twa wite aaikes lein, dy't yn 16 dagen útbret wurde. It wyfkes briedt Se bouwe in plat nêst fan plantaardich materiaal yn tichte strûken. Nei goed twa wiken kinne de jongen útfleane. Se kinne faker yn it seizoen briede. Wyfkes en mantsjes briede.

Status Oannommen wurdt dat de populaasje tanimt. It maskerdoke is faak algemien oant talryk en om dy redenen wurdt de fûgel as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Sierfûgel Swartmaskerdokes wurde in soad as folièrefûgels holden. Se kinne it bêste as pearke holden wurde mei oare fûgelsoarten, mar net mei dowen. Se hâlde fan fan waarmte en sinne en kinne min kjeld en focht ferneare. Foar kâlde nachten is in ferwaarme winterhok needsaaklik.

Keppeling om utens Birdlife. Ebird. Avibase.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dofûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda