Broome Eric Pinniger (Saharanpur Yndia, 28 desimber 1902 - Edinburgh Skotlân, 30 desimber 1996) wie in Skotksk hockeyer, dy't útkaam foar it doetiidske Britsk-Ynje.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear Olympysk kampioen mei it Yndiaaske team. Hy spile yn Amsterdam fjouwer wedstriden, yn Los Angeles spile er trije kear.
Pinniger wie sûnt 1925 yn tsjinst by de North West Railway. Nei de dieling fan Yndia yn 1949 kaam er werom nei Grut-Brittanje om yn it hûs fan syn pake en beppe te wenjen, dy't yn de jierren 1850 nei Yndia ferhuze wiene.Eric Pinniger ferstoar op 30 desimber 1996, yn 'e âldens fan 94 jier.
Kategory:Skotsk hockeyer Kategory:Skotsk Olympysk kampioen Kategory:Yndiaask hockeyer Kategory:Yndiaask persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1996