De Himalayaparkyt (Psittacula himalayana) is fûgelsoarte fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

Fersprieding De soarte libbet yn Himalayabosken fan Afganistan oant Bûtan.

Beskriuwing thumb|left|Mantsje. De Himalayaparkyt is in 40 sm lange griene parkyt mei in donkergriize kop. Op 'e skouders hat de fûgel in lytse rûne reade flek en de lange, puntige sturt is oan 'e ein giel. De fûgel hat in swarte kraach dy't nei it kin breder waard. Yn 'e nekke is de fûgel blaugrien. De boppesnaffel is read en de ûndersnaffel giel. It wyfke mist it reade skouderplak op 'e wjukken.

De Himalayaparkyt liket in soad op 'e griiskopparkyt, dy't earder as in ûndersoarte fan 'e Himalayaparkyt behannele waard. De griiskopparkyt libbet mear eastlik, is lytser en hat in ljochtere grize kop.

Status Unbekend is hoe grut de populaasje is. De soarte wurdt lykwols omskreaun as algemien. Alhoewol't oannommen wurdt dat de soarte troch it ferlies fan biotoop yn oantal efterút giet, stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Ealparkyt Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia