Bruno Venturini (Carrara, 26 septimber 1911 - Lecce, 7 maart 1991) wie in Italjaansk doelman, dy’t mei it Italjaanske fuotbal alvetal meidie oan de Olympyske Simmerspullen fan 1936 yn Berlyn.
Karriêre Venturini waard berne yn Carrara en begûn mei fuotbaljen as doelman foar Carrarese Calcio. Letter spile er yn de Serie A foar ACF Fiorentina, Sampierdarenese en A.C. Liguria. Hy spile ek yn de Serie B foar Spezia Calcio 1906. Venturini wie lid fan it Italjaanske Olympyske team, dat de gouden medalje wûn by it Olympyske fuotbaltoernoai fan 1936. Bruno Venturini ferstoar op 7 maart 1991, yn 'e âldens fan 79 jier.
Kategory:Italjaansk fuotballer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Toskaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1991