Alfredo Foni (Udine, 20 jannewaris 1911 - Lugano Switserlân, 28 jannewaris 1985) wie in Italjaanske fuotbaltrainer en fuotballer.
Karriêre Foni starte syn profkarriêre by de Italiaanske ploech "Udinese", hy spile der oant yn 1929. Hy stapte oer nei Lazio Roma dêr't er spyljen bleau oant yn 1931. Hy ferhuze yn 1931 neiPadova dêr’t er trije seizoenen spyljen bleau foardat er oer gie nei Juventus. Mei harren waard er lânskampioen yn 1935 en wûn de beker yn 1938 en 1942.
Hy spile 23 ynterlâns foar Itaalje, wêryn't er net skoare koe. Hy naam mei de Italjaanske ploech diel oan de Olympyske Spullen yn 1936; se wûnen de gouden medalje. Twa jier letter op it WK fuotbal 1938 wûn er mei de ploech de wrâldtitel.
Foni waard nei syn karriêre as spiler fuotbaltrainer, nea bleau er earne lang en sa folgen de ploegen inoar rap op. Mei Inter Milaan waard er lânskampioen yn 1953 en 1954. Hy wie ek noch bûnscoach fan Itaalje en Switserlân. Alfredo Foni ferstoar op 28 jannewaris 1985, yn 'e âldens fan 74 jier.
Kategory:Italjaansk fuotballer Kategory:Italjaansk fuotbaltrainer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Friûlysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1985