Annibale Frossi (Muzzana del Turgnano, 6 july 1911 - Milaan, 26 febrewaris 1999) wie in Italjaanske fuotbaltrainer en fuotballer.

Karriêre Foni begûn syn profkarriêre by de Italiaanske ploech "Udinese", hy spile der oant yn 1931. Hy stapte oer nei Padova dêr't er spyljen bleau oant yn 1933. Hy ferhuze nei Bari dêr’t er ien seizoen spyljen bleau foardat er werom gie nei Padova. foardat er fia L'Aquila yn 1936 by Inter Milaan bedarre.

Hy spile fiif ynterlâns foar Itaalje, wêryn't er acht kear skoare soe. Hy naam mei de Italjaanske ploech diel oan de Olympyske Spullen yn 1936, se wûnen de gouden medalje. Frossi wie mei sân doelpunten, werfan de twa winnende doelpunten yn de finale, de topskoarder op de Spullen.

Frossi waard nei syn karriêre as spiler fuotbaltrainer, nea bleau er earne lang en sa folgen ferskate ploegen inoar op. Annibale Frossi ferstoar op 26 febrewaris 1999, yn 'e âldens fan 87 jier.

Kategory:Italjaansk fuotballer Kategory:Italjaansk fuotbaltrainer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Friûlysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1999