Pietro Rava (Cassine, 21 jannewaris 1916 - Turyn, 5 novimber 2006) wie in Italjaansk fuotbaltrainer en fuotballer.
Karriêre Rava spile as ferdigener foar de klups US Alessandria, Juventus en Novara. Foar Juventus spile er 289 wedstriden, wêryn't er trettjin kear skoarde. Hy wûn twa kear de Italjaanske beker en yn 1950 de scudetto.
Hy spile 30 ynterlâns foar Itaalje, wêryn't er net skoare koe. Hy naam mei de Italjaanske ploech diel oan de Olympyske Spullen yn 1936, se wûnen de gouden medalje. Twa jier letter op it WK fuotbal 1938 wûn er mei de ploech de wrâldtitel.
Foni waard nei syn karriêre as spiler fuotbaltrainer, under oare by Sampdoria, US Citta di Palermo en syn âlde klups Alessandria en Novara. Pietro Rava ferstoar op 5 novimber 2006, yn 'e âldens fan 90 jier, nei in operaasje oan in brutsen bilbonke.
Kategory:Italjaansk fuotballer Kategory:Italjaansk fuotbaltrainer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Piëmonteesk persoan Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 2006