Ugo Locatelli (Toscolano-Maderno, 5 febrewaris 1916 - Turyn, 28 maaie 1993) wie in Italjaansk fuotballer.

Karriêre Locatelli waard berne yn Toscolano-Maderno, yn de buert fan Brescia, Lombardije. Op klupnivo hie er in suksesfolle karriêre, hy wûn twa kear de Scudetto mei Inter Milaan, yn 1938 en 1940.

Hy spile 22 ynterlâns foar Itaalje, wêryn't er net skoare koe. Hy naam mei de Italjaanske ploech diel oan de Olympyske Spullen yn 1936, se wûnen de gouden medalje. Twa jier letter op it WK fuotbal 1938 wûn er mei de ploech de wrâldtitel.

Hy einige syn karriêre by Juventus yn 1949. Ugo Locatelli ferstoar op 28 maaie 1993, yn 'e âldens fan 77 jier.

Kategory:Italjaansk fuotballer Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Lombardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1993