Robert Dorgebray (Nesles-la-Vallée, 16 oktober 1915 - Parys, 29 septimber 2005) wie in Frânske hurdfytser.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen, en twa kear oan de wrâldkampioenskippen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de dykwedstriid foar lannen mei Guy Lapébie en Robert Charpentier. Dorgebray die trije kear mei oan de Omgong fan Frankryk, mar Parys helle er nea. Yn 1947 helle er syn grutste sukses mei it winnen fan Parys-Camembert. Dat is in Frânske wedstriid fan ien dei, ferneamd nei haadstêd Parys en it plak Camembert en nammejouwer fan de tsiis mei deselde namme, dy't trochstrings yn april ferriden wurdt. De winner fan Parys-Camembert kriget tradisjoneel syn lichemsgewicht yn Camembert-tsiis. Robert Dorgebray ferstoar op 29 septimber 2005, yn 'e âldens fan 89 jier.
Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk
1947 - net finisht; 1949 - net finisht; 1950 - net finisht;
Ploegen 1942-1944 - Hutchinson 1945-1952 - Dunlop
Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 2005