Grand Hotel Huis ter Duin () is in strânhotel en konferinsjesintrum yn Noardwyk oan See yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân oan it Noardseestrân. It hotel leit tusken de Koningin Wilhelminaboulevard en Koningin Astridboulevard yn. It hotel waard yn 1885 as earste iepene foar toeristen en joech dêrmei de grûnslach foar it ûntjaan fan Noardwyk as ferneamd baaiplak. It hotel hat in eigen helikopterhaven.
Op de earste ferdjipping is it Restaurant Latour fêstige dat trochgeand sûnt 2005 in Michelinstjer hat.
Skiednis thumb|left|Huis ter Duin yn 1902 thumb|left|Huis ter Duin om 1930 hinne Heinrich Tappenbeck kocht Huis ter Duin yn 1887 fan de gemeente Noardwyk. Tappenbeck sette fuortendaliks útein en pak de saken ynternasjonaal oan. Hy advertearre oer de goede berikberheid (mei stoomtram) en de goede ferbinings mei grutte stêden lykas Amsterdam en Leien. Hy keas blêden út dêr't er yn advertearre, benammen dy't troch sakelju en eallju lêzen waarden. Dêrtroch krige Huis ter Duin ein 19e iuw grutte bekendheid yn binnen- en bûtenlân, benammen by de begoeden. Sûnt de 1970-er jierren is it hotel yn eigendom fan 'e famylje Noorlander.Boarne: , 100 JAAR HUIS TER DUIN
Huis ter Duin hat him altyd rjochte op begoede toeristen. Sa útfanhuzen bygelyks gauris de keninklike famyljes fan Nederlân en Belgje. Oare gasten wiene prinsesse Gracia fan Monako, skriuwer Thomas Mann en filmstjerren Elizabeth Taylor en Richard Burton. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it hotel troch de Dútsers foardere foar it ûnderbringen fan legeroffisieren. Dat barren waard letter brûkt yn de film Soldaat van Oranje, dy't foar in part yn en om it hotel hinne filme waard.
By de stoarm fan 25 jannewaris 1990 rekke in grut part fan it hotel troch brân ferwoastge, dêr't trije brânwachtlju by om it libben kamen.Brand hotel Huis ter Duin te Noordwijk 1990 webside Ynstitút Fysike Feiligens. Argivearre op 26 jannewaris 2021.Verslag van het onderzoek naar de brand op 25 januari 1990 in Hotel Huis ter Duin te Noordwijk Ministearje fan Ynlânske Saken, juny 1990. Argivearre op 25 febrewaris 2021. Huis ter Duin waard dêrnei fannijs weropboud en grutter makke. It is hjoed-de-dei in fiifstjerrehotel mei 254 keamers, 20 suites, fjouwer penthouses, 19 konferinsjeromten, in bar, lounge en trije restaurants. Ek is it hotel hjoed-de-dei ferneamd troch it Nederlânsk fuotbalalvetal, dat dêr gauris útfanhuze. Bûnscoach Rinus Michels frege de eigner doe't it KNVB-sintrum yn Seist ferboud waard. Sûnt bleau Oranje dêr 30 jier lang kommen.
Yn july 2014 waard de film Bloed, zweet & tranen oer it libben fan folkssjonger André Hazes yn it hotel filme. Dêrnei wurde der gauris soaps en oare programma's filme.
Guon ferneamde gasten thumb|Grand Hotel Huis ter Duin thumb|Foarkant fan it hotel Kening Willem-Alexander Keninginne Máxima Prinsesse en âld-keninginne Beatrix Prinsesse en âld-keninginne Juliana Mark Rutte, eardere Nederlânske premier Kening Harald V fan Noarwegen Barack Obama, Amerikaanske eardere presidint John Kerry, Amerikaanske eardere minister fan Bûtenlânske saken Kofi Annan, eardere sekretaris-generaal fan de Feriene Naasjes Frederik Willem de Klerk, eardere presidint fan Súd-Afrika Tony Blair, eardere premier fan it Feriene Keninkryk Michaïl Gorbatsjov, presidint fan de Sovjet-Uny (1985-1990) Sophia Loren Shirley Bassey Grace Kelly Elizabeth Taylor José Carreras André Hazes Freddy Heineken Dick Advocaat, dêr't in penthouse nei neamd is Bert van Marwijk, dêr't in penthouse nei neamd is Louis van Gaal, dêr't in suite nei neamd is Nederlânsk fuotbalalvetal thumb|800px|center|Huis ter Duin fan it strân ôf sjoen Keppeling om utens Offisjele hiemside Restaurant Latour
Kategory:Bouwurk yn Noardwyk Kategory:Hotel yn Nederlân Kategory:Nederlânske hoarekagelegenheid Kategory:Rekreaasje yn Súd-Hollân Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1885 Kategory:Bouwurk út 1885