thumb| Wapen fan Hantum It wapen fan Hantum is it wapen fan it doarp Hantum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Rjochstskeande fan sulver en kiel, it sulver beladen mei in ikel fan kiel, it kiel beladen mei trije pinningen fan goud.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read) en goud.
Symbolyk
Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Kleurstelling: oernommen fan út it wapen fan it Prinsbisdom Utert, dat yn 1335 in altar stifte yn de Nikolaastsjerk fan Hantum. Trije pinning: symboal foar Nikolaas fan Myra, patroanhillige fan de tsjerke fan Hantum. Ikel: oernommen út it wapen fan de famylje Hettinga, dat de pleatslike Tjallingastate bewenne.
Sjoch ek
Hantum Kategory:Hantum