thumb| Wapen fan Ie It wapen fan Ie is it wapen fan it doarp Ie, yn de Fryske gemeene Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in weagjende linkerskeanbalke, rjochts mei in ôfskuorde ienhoarnskop, links in leelje, alles fan sulver.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en sulver.

Symbolyk

Skeanbalke: de weagjende balke ferwiist nei it rivierke de Suderie, dêr't it doarp syn namme oan te tanken hat. [boarne nedich] De rjochting fan dizze balke is oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Ienhoarn: oernommen út it wapen fan de famylje Aebinga van Humalda. dy't by it doarp de Humaldastate bewenne. Blauwe leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Mockema dy ek Humaldastate bewenne ha. [boarne nedich]

Sjoch ek

Ie Kategory:Ie