thumb| Flagge fan Ternaard De flagge fan Ternaard is de flagge fan it doarp Ternaard, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Blau, in wite weagjende broekskeanbalke fan in tredde fan de flaggehichte, yn de broekhoeke in giele seispuntige stjer.

De kleuren komme út it wapen fan Ternaard.

Symbolyk Skeanbalke: oernommen út it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie. Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy in haadplak oanjout. Ternaard wie it haadplak fan West-Dongeradiel.

Sjoch ek

Ternaard Kategory:Ternaard