thumb| Flagge fan De Pomp De flagge fan De Pomp (Pompstersk: vlagge van De Pomp) is de flagge fan it doarp De Pomp, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkeurt of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Banen wyt-blau, mei op it wyt in reade seispuntige stjer, ien punt wizend nei de boppeside.
De kleuren komme út it wapen fan De Pomp.
Symbolyk
Seispuntige stjer: oernommen út it wapen fan Kollumerlân en Nieuwkruisland.
Sjoch ek
Pomp, De Kategory:De Pomp