thumb| Wapen fan Ljussens It wapen fan Ljussens is it wapen fan it doarp Ljussens, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in linkerskeanbalke fan azuer, beladen mei in kaai fan goud, de kaaisbek nei links en nei boppe keard; de balke oan beide siden mei in klaver fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), goud en sinopel (grien).
Symbolyk
Skeanbalke: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Kaai: de kaai is symboal foar Petrus, patroanhillige fan de tsjerke fan Ljussens. Klaverblêden: oernommen út it wapen fan de famylje Gerroltsma dy't yn it doarp Gerroltsmastate bewenne.
Sjoch ek
Ljussens Kategory:Ljussens