thumb| Flagge fan Hantumhuzen De flagge fan Hantumhuzen is de flagge dan it doarp Hantumhuzen, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield: fan de broekside ôf wyt-grien, mei yn it wyt de reade tsjerke mei toer fan it wapen, de toer oan de broekside.
De kleuren komme út it wapen fan Hantumhuzen.
Symbolyk
Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Tsjerke: ferwiist nei de Sint-Annetsjerke fan Hantumhuzen. De tsjerke is ferkeard om ôfbield, de reden dêrfoar is ûnbekend. Grien fjild: stiet foar de greiden rûn it doarp.
Sjoch ek
Hantumhuzen Kategory:Hantumhuzen