thumb| Wapen fan De Skâns-Oostmahorn It wapen fan De Skâns-Oostmahorn is it wapen fan it doarp De Skâns-Oostmahorn, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2008 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in wyt út de skyldfoet opsizende skânsdwinger fan goud yn de skyldfoet mei in sulveren kokkelskulp; yn de weagjende skyldkop fan goud in read kanon.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, en kiel (read).

Symbolyk

Skeandwinger: stiet foar de skâns dy hjir oanlein waard yn de 16e iuw. De kleurstelling is oernommen út it wapen fan Fryslân. Kanon: ferwiist nei it kanon dy't op de skâns stie. De reade kleur stier foar gefaar. It kanon is op it easten rjochte omdat de bedriging út dizze rjochting kaam. Skulp en wearjende dielline: ferwizing nei de eardere Lauwerssee wêr't it doarp oan lei. De sulveren kleur fan de skulp is oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel.

Sjoch ek

Skans, De Kategory:De Skâns