thumb| Flagge fan Mitselwier De flagge fan Mitselwier is de flagge fan it doarp Mitselwier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Blau: in wite fljochtskeanbalke fan in tredde flaggehichte; yn de broektop in giele seispuntige stjer.
De kleuren komme út it wapen fan Mitselwier.
Symbolyk
Skeane baan: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr it doarp eartiidsk part fan wie. Seispuntige stjer: dit is in saneamde gidsstjer dy't in haadplak oanjout. Mitselwier wie it haadplak fan East-Dongeradiel.
Sjoch ek
Mitselwier Kategory:Mitselwier