thumb| Flagge fan Augsbuert-Lytsewâld De flagge fan Augsbuert-Lytsewâld is de flagge fan it doarp Augsbuert-Lytsewâld, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkeurt of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Banen giel-read-grien; de boppeste twa op kantielwize oaniensluten.

De kleuren komme út it wapen fan Augsbuert-Lytsewâld.

Symbolyk

Kantealen: symboal foar de eardere Clantstate. Giel en grien: oernommen út it wapen fan it Grinslanner famylje Clant, dat de Clantstate bewenne en dat twa grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân besoarge.

Sjoch ek

Augsbuert-Lytsewâld Kategory:Lytsewâld