thumb| Flagge fan Hantum De flagge fan Hantum is de flagge fan it doarp Hantum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Broekskean ferdield fan de broekside ôf read-wyt, mei yn it read in giele ikel fan heale flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Hantum.

Symbolyk Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr it doarp eartiidsk part fan wie. Kleurstelling: oernommen fan it wapen fan it Prinsbisdom Utert, dat yn 1335 in altar stifte yn de Nikolaastsjerke fan Hantum. Ikel: oernommen út it wapen fan de famylje Hettinga, dat Tjallingastate bewenne.

Sjoch ek

Hantum Kategory:Hantum