thumb| Wapen fan Ferwert It wapen fan Ferwert is it wapen fan it doarp Ferwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2018 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Ferdielt fan blau en read mei oer alles hinne in út de skyldfoet oprizende gouden terp, beladen mei in read, ferkoarte brekterich krúske; it blau en read elk mei in sulveren ierappelblossem mei in gouden hert; yn de skyldkop oer alles hinne in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), kiel (read), goud, sulver.
Symbolyk
Trijedieling fan it wapen: jout op de trije buorren fan it doarp: Hege Buorren, Lytse Buorren en Nije Buorren. Terp: stiet foar de terp wêr it doarp op lein is. Krús: symboal foar sawol it kleaster Foswert by it doarp as de midsiuwske Sint-Martinustsjerke fan Ferwert. Read fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Kamminga dat yn it doarp in stins bewenne. Blauwe fjild: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Burmania en Herjuwsma. Kroan: stiet symboal foar de aadlike famyljes dy't yn it doarp wenne hawwe. Ek byldt it út dat Ferwert it haadplak wie fan de gemeente Ferwerderadiel. Ierappelblommen: symboal foar de fruchtbere klaaigrûn.
Sjoch ek
Ferwert Kategory:Ferwert