Erling Martin (Jonny) Nilsson (Filipstad, 9 febrewaris 1943 - Hindås, 22 juny 2022) wie in Sweedsk reedrider.

Hy die sân kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en it Europeesk kampioenskip allround en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1964 en 1968). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen en yn 1964 Olympysk kampioen op de 10 kilometer. Nei de spullen fan 1968 hold Nilson op mei it reedriden op heech nivo. Hy waard ek fjouwer kear Sweedsk allround kampioen. Yn 1962 wie Nilsson de earste Sweedske reedrider dy 't de Oscar Mathisen-trofee yn ûntfangst nimme mocht. Jonny Nilsson ferstoar op 22 juny 2022, yn 'e âldens fan 79 jier oan de gefolgen fan Prostaatkanker.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 42,23 febrewaris 1966 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.33,119 jannewaris 1969 Gamla Ullevi, Goateboarch1500 meter2.08,22 febrewaris 1966 Eisstadion Davos, Davos3 km4.27,623 maart 1963 Tolga Idrettslag, Tolga5 km7.32,915 febrewaris 1968 Anneau de Vitesse, Grenoble10 km15.33,024 febrewaris 1963 Wind Park Skating Rink, Karuizawa

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 196215e10e1963 7e196410eNet finisht5 km, 6e10 km, 196511e4e19664e196713e20ste1968Net finisht15e5 km, 7e10 km, 6e

Kategory:Sweedsk reedrider Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2022