De Prêrjeoarloch fan Lincoln County wie in prêrjeoarloch (oftewol in wapene konflikt tusken boargers yn it Wylde Westen), dy't yn 1877 en 1878 Lincoln County yn it Territoarium Nij-Meksiko yn syn greep hold. Dit konflikt krige in bûtenproporsjonele bekendheid troch de dielname fan William H. Bonney, dy't koarte tiid letter ferneamd wurde soe as bandyt ûnder de bynamme Billy the Kid. De Prêrjeoarloch fan Lincoln County gie tusken twa pleatslike groepen, wêrfan't de saneamde Murphy-Dolan-faksje yn 'e county de facto in hannelsmonopoalje hie, dat de saneamde Tunstall-McSween-faksje besocht te trochbrekken. Beide kloften sammelen sakelju, ranchers, cowboys, plysjeminsken en sels bindes banditen om har hinne. Nei in snuorje fan oanboazjende spanning yn 1877 rûn it konflikt yn febrewaris 1878 út op bloedferjitten, wêrnei't it geweld oanhold oant yn july fan dat jier. De lieders fan 'e Tunstall-McSween-faksje fûnen mei útsûndering fan rancher John Chisum hast allegear de dea, mar ek de Murphy-Dolan-faksje stoarte neitiid yn. Guon histoarisy wolle hawwe dat it konflikt pas yn 1881 einige mei de dea fan Billy the Kid.
Foarskiednis Yn novimber 1876 sette de begoedige Ingelsman John Tunstall him nei wenjen yn Lincoln, yn it Territoarium Nij-Meksiko, dêr't er in ranch begûn foar it hâlden fan kij. Mei as sakepartners de pleatslike abbekaat Alexander McSween en de feebaron John Chisum sette Tunstall ek in eigen bank en winkel op. Dat kaam op it sear fan 'e fêstige oarder, mei't Lincoln County doedestiden sawol ekonomysk as polityk dominearre waard troch Lawrence Murphy en syn sakepartner James Dolan, de útbaters fan 'e iennichste winkel dy't de county foar de komst fan Tunstall ryk west hie. Harren bedriuw hiet eins L.G. Murphy & Co. en letter James J. Dolan & Co., mar stie bekend as "The House" ("It Hûs"), wat sadwaande ek gauris as oantsjutting brûkt waard foar harren faksje yn it konflikt.
Dêrnjonken wie der ek in etnyske komponint yn it konflikt behelle, want behalven dat er harren yn 'e beurs rekke, mochten Lawrence en Dolan Tunstall ek net lije om't er in Ingelsman wie. Sysels en harren measte meistanners wiene nammentlik fan etnysk Iersk komôf en roomsk, wylst Tunstall-en-dy foar it meastepart fan Ingelsk komôf en protestantsk wiene. Fan it begjin ôf oan hiene Lawrence en Murphy de oerhân, mei't se konneksjes hiene mei it territoriaal bestjoer fan Nij-Meksiko. Sa lienden se tûzenen dollars oan 'e gûverneur en wie harren hypteek yn it besit fan 'e territoriale prokureur-generaal. Troch dy konneksjes kamen se oan lukrative kontrakten mei de Amerikaanske oerheid om 'e forten fan Amerikaanske Leger en agintskippen fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn Nij-Meksiko fan kowefleis te foarsjen. De kij dy't dêrfoar nedich wiene, kochten se foar in grut diel goedkeap yn fan feedieven. Spesifyk gie it dêrby om 'e John Kinney Binde, de Seven Rivers Warriors en de Jesse Evans Binde, dy't troch Dolan oanfitere waarden om fee te stellen fan Tunstall en syn sakepartner Chisum en de cowboys fan dy ranches safolle mooglik lestich te fallen.
De prêrjeoarloch Utbraak fan it konflikt De direkte oanlieding dy't it konflikt tusken de beide faksjes oanboazje liet fan dwersbongeljen en narderijen oer en wer ta iepentlik geweld, wie de libbensfersekering fan Emil Fritz. Dyselde wie in sakepartner fan Lawrence en Dolan dy't yn 1874 kaam te ferstjerren. Neitiid hierde de eksekuteur-testamintêr abbekaat Alexander McSween yn om it jild fan 'e libbensfersekering by de fersekeringsmaatskippij te ynjen. It wie fansels de bedoeling dat it jild dêrnei oerdroegen waard oan 'e eksekuteur-testamintêr, mar McSween wegere dat te dwaan. Lawrence en Dolan en harren sakepartner John Riley woene nammentlik hawwe dat Fritz by The House in útsteande skuld hie, en McSween fermoede dat it jild fan 'e libbenfersekering linea recta nei The House gean soe sadree't er it oan 'e eksekuteur-testamintêr joech. It is ûndúdlik oft McSween in jildige reden hie om it jild fêst te hâlden, mar yn elts gefal sil it him net botte oanstien hawwe om 'e kas fan syn fijannen te spekken.
Yn febrewaris 1878 spanden Lawrence en Dolan yn 'e kwestje om 'e libbensfersekering in rjochtsaak tsjin McSween oan. Hoewol't de saak úteinlik seponearre waard, wisten se wylst er rûn in gerjochtlike befel te bemachtigjen wêrmei't se beslach lizze koene op al McSween syn besittings. By fersin waarden dêrby ek de besittings fan McSween syn sakepartner Tunstall foar beslachlizzing frijjûn. De korrupte sheriff William J. Brady, dy't op 'e leanlist fan The House stie, stalde dêrop in posse gear om nei de ranch fan Tunstall te riden, 112 km bûten Lincoln. De posse bestie, njonken Brady sels, út William Morton, Jesse Evans, Tom Hill en Frank Baker.
Moard op John Tunstall Op 18 febrewaris 1878 kamen sheriff Brady en syn posse John Tunstall oer it mad doe't dy mei guon fan syn cowboys, ûnder wa Richard M. Brewer, William H. Bonney (Billy the Kid), John Middleton, Robert A. Widenmann, Henry Newton Brown en Fred Waite, in keppel fan njoggen hynders nei de feemerk yn Lincoln brocht. By dy moeting fûn Tunstall de dea. De leden fan 'e posse besochten it letter foar te stellen as hie Tunstall sels in fjoergefjocht útlokke en hiene sy harren inkeld ferdigene, mar bewiismateriaal op it plak delikt suggerearre dat Tunstall krekt besocht hie in konfontaasje foar te kommen foar't er deasketten wie. Yn elts gefal waard letter yn in, nei't men oannimme mei, ûnpartijich ûndersyk troch Frank Warner Angel, in spesjale gesant fan 'e Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken, fêststeld dat Tunstall koelbloedich deasketten wie troch Jesse Evans, William Morton en Tom Hill. Nei't se him fermoarde hiene, skeaten de leden fan 'e posse ek syn hynder dea, mei't Tunstall bekend stie om syn leafde foar hynders. Ut 'e fierte wei wiene ferskaten fan Tunstall syn cowboys tsjûge fan 'e moard, ûnder wa Dick Brewer en Billy the Kid.
De striid brekt los McSween, dy't in prinsipieel pasifist wie, besocht de moardners fan syn sakepartner oan te pakken fia it rjocht. Fan rjochter John B. Wilson wist er arrestaasjebefellen tsjin harren te bemachtigjen. De cowboys fan Tunstall, dy't troch syn moard ta razernij brocht wiene, foarmen ûnderwilens in eigen posse of binde (ôfhinklik fan hoe't men it besjen wol), en neamden harsels de Regulators. Brewer, Tunstall syn foarman, dy't spesjaal plysjefoech krigen hie om 'e moardners fan Tunstall op te pakken, beëdige de oaren ta syn assistinten. De gearstalling fan 'e Regulators ferskilde neitiid fan gelegeheid ta gelegenheid, mar de 'hurde kearn' waard foarme troch Brewer, Billy the Kid, Frank McNab, Doc Scurlock, Jim French, John Middleton, George W. Coe, Frank Coe, José Chavez y Chavez, Charlie Bowdre, Fred Waite en Henry Newton Brown.
Koart nei de foarming fan 'e Regulators waarden Billy the Kid, Brewer en Waite troch sheriff Brady arrestearre doe't se him in deifurding besochten te bringen. Se fertochten him nammentlik fan mandéligens oan 'e plondering fan 'e winkel fan Tunstall nei dy syn dea. Brady briek dêrby de wet troch de status fan plysjes fan syn tsjinstanners folslein te negearjen. Dêrop foel Robert A. Widenmann, dy't in plakferfangend U.S. marshal wie, mei in detasjemint soldaten it tichthûs fan Lincoln County binnen, dêr't se Billy the Kid, Brewer en Waite frijlieten en harren sipiers, de helpsheriffs fan Brady, sels efter de traaljes setten.
Nei't de mannen frijkommen wiene, setten de Regulators mei mannemacht ôf nei de winkel fan The House. Dêr kamen se Morton en Baker oer it mad, dy't útnaaiden, mar nei in lange efterfolging op 6 maart finzen nommen waarden. Doe't se dagen letter weromkearden yn Lincoln, rapportearren de Regulators dat Morton en Baker op 9 maart yn 'e neite fan 'e rivier de Agua Negra deasketten wiene doe't se op 'e nij besochten te ûntkommen. Neitiid hiene de Regulators ûnderweis werom nei Lincoln ien fan harren eigen mannen, in McCloskey, ombrocht, dy't se derfan fertochten in ferrieder te wêzen.
De oare beide moardners fan Tunstall, Tom Hill en Jesse Evans, waarden, tafallich ek op 9 maart, delsketten doe't se yn 'e neite fan Tularosa in skieppehoeder besochten te berôvjen. Hill kaam dêrby om, wylst Evans swierferwûne oerbrocht waard nei Fort Stanton foar medyske fersoarging. Dêr waard er daliks arrestearre op grûn fan in âld federaal opspoaringsbefel dat tsjin him útfurdige wie foar it stellen fan fee út in Yndianereservaat.
Moard op William J. Brady Nei de dea fan Morton, Baker en McCloskey die sheriff Brady in formeel fersyk om help oan 'e territoriale prokureur-generaal Thomas Benton Catron om "dizze anargy" te beëinigjen. Catron wie in lieder fan 'e saneamde Santa Fe Ring, in fermidden fan korrupte politisy en sakelju mei nauwe bannen mei de faksje fan Murphy en Dolan. Hy ferwiisde de kwestje troch oan gûverneur Samuel B. Axtell fan it Territoarium Nij-Meksiko, dy't yn eigen persoan ôfreizge nei Lincoln County om dêr de boel te hifkjen. Op syn besyk waard er beselskippe troch James Dolan en dy syn sakepartner John Riley, en al rillegau die bliken dat de gûverneur fijannich foar de faksje fan McSween oer stie. Hy besleat dat John B. Wilson, de rjochter dy't arrestaasjebefellen tsjin 'e posse fan Brady útfurdige hie, yllegaal oansteld wie en dat syn aksjes dêrom neatich wiene. Mei't Wilson ek Brewer en fia him de oare Regulators ynsward hie, ferlearen de Regulators troch dy set yn ien klap harren plysjefoech. Tenei waarden se troch de autoriteiten oanmurken foar banditen. It slagge Axtell fierders om 'e status fan U.S. marshal fan Widenmann ynlutsen te krijen, sadat sheriff Brady fan dat stuit ôf as iennichste mei plysjefoech yn Lincoln County oerbleau.
De Regulators joegen it lykwols net oer. Ynstee besleaten se om in rekken te fereffenjen mei Brady. Op 1 april rieden French, McNab, Middleton, Waite, Brown en Billy the Kid nei Lincoln ta, dêr't se Brady en syn helpsheriff George W. Hindman op 'e haadstrjitte oer it mad kamen en deaskeaten. Brady waard dêrby trochsingele troch teminsten tolve kûgels, wylst de dea fan Hindman mear in kwestje west liket te hawwen fan dat er op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie. Billy the Kid en Jim French rekken by dy konfrontaasje ferwûne troch deselde kûgel, ôffjurre troch de oerlibjende helpsheriff Bill Matthews. Dat barde doe't se nei de moard nei it stoflik omskot fan Brady ta draafden, mooglik om syn arrestaasjebefel foar McSween te fertsjustermoanjen of om it gewear fan Billy the Kid werom te nimmen, dat Brady by syn eardere arrestaasje fan Billy stellen hie. French syn ferwûning wie sa swier dat er in skoft útskeakele wie en ûnderdûke moast yn 'e krûpromte ûnder it hûs fan in Sam Corbet. Widenmann wie op it stuit fan 'e moard op Brady ek yn Lincoln oanwêzich, mar it waard nea fêststeld oft hy der ek by belutsen wie. Sels seid er fan net; hy soe by de eardere winkel fan Tunstall omslein hawwe om Tunstall syn hûn te fuorjen.
Mei de moard op Brady en Hindman ferlearen de Regulators in protte sympaty mank de ynwenners fan Lincoln County, dy't no beide partijen yn it konflikt begûnen te sjen as like korrupt en moardsuchtich. McSween waard rûnom beskôge as de lieder fan it ferset tsjin The House, mar nei alle gedachten operearren de Regulators folslein op eigen manneboet; neffens in kontemporên artikel yn in pleatslike krante ûntstrieden se "eltse konneksje [...] mei McSween en syn saken". Joel Jacobsen, auteur fan it boek Such Men as Billy the Kid: The Lincoln County War Reconsidered (1997), betwifele sels oft Billy the Kid en McSween inoar sels mar met hiene foarôfgeande oan 'e moard op sheriff Brady.
Sjitpartij by Blazer's Mill