Helga Haase berne as Helga Obschernitzki (Danzing-Schidlitz, 9 juny 1934 - Berlyn, 16 juny 1989) wie in East-Dútsk reedrydster.
Sy die acht kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1960 en 1964). Se waard de earste froulike olympysk kampioene reedriden. Yn 1960 stie it reedriden foar it earst foar froulju op it programma by de Winterspullen, dy't hâlden waarden yn Squaw Valley. De earste ôfstân foar de froulju wie de 500 meter, dy't in proai waard foar de East-Dútske Haase. Op de 1000 meter heakke se der noch in sulveren medalje oan ta. By har twadde dielname oan de Winterspullen yn 1964 wie it fjirde plak op de 1000 meter har bêste resultaat. Sy waard ek tsien kear East-Dútsk allround kampioen. Yn 1984 gie Haase wurksum as boekhâldster by de Volkspolizei mei pensjoen fanwegen tanimmende lichaamlike beheiningen.
Helga Haase ferstoar op 16 juny 1989, yn 'e âldens fan 55 jier.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter45.920 febrewaris 1960 Olympic Skating Rink, Squaw Valley1000 meter1:34.322 febrewaris 1960 Olympic Skating Rink, Squaw Valley1500 meter2:28.631 jannewaris 1964 Olympia Eisstadion, Innsbruck3 km5:19.71 maart 1964 Weissensee, Berlyn
Resultaten jier WKAllround OlympyskeSpullen 195617e195713e19586e19598ste1960 500 m, 1000 m, 1500 m, 8ste19616e19625e196319e19648ste500 m, 8ste1000 m, 4e1500 m, 5e
Kategory:Dútsk reedrider Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 1989