Klara Ivanovna Gûseva-Nesterova (Pitjersk, 8 maart 1937 - Moskou, 12 maaie 2019) wie in Russysk reedrydster dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.
Sy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1960 en 1964). Gûseva debutearre mei 22 jier by it WK allround fan 1960 yn it Sweedske Östersund mei in fyftjinde plak. Trije wiken letter waard Gûseva op de Olympyske Winterspullen yn Squaw Valley de earste olympysk kampioene op de 1000 meter. By it WK allround fan 1961 yn Tønsberg waard se fiifde. By de Olympyske Winterspelen fan 1964, yntusken troud en as Klara Nesterova útkommend, yn Innsbruck bedarre se krekt njonken it poadium op de 3 kilometer. Klara Gûseva ferstoar op 12 maaie 2019, yn 'e âldens fan 82 jier ta gefolch fan in slim auto ûngelok.
Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 46,5020 jannewaris 1960 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.34,1018 febrewaris 1960 Olympic Skating Rink, Squaw Valley1500 meter2.28,7018 febrewaris 1960 Olympic Skating Rink, Squaw Valley3 km4.14,0025 jannewaris 1965 Medeo, Alma-Ata
Resultaten jier WKAllround OlympyskeSpullen 196015e500 m, 6e1000 m, 1500 m, 4e19615e1964 3 km, 4e
Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2019