Boris Arsenevitsj Sjilkov (Archangelsk, 28 juny 1927 - Sint-Petersburch, 27 juny 2015) wie in Russysk reedrider dy't útkaam foar de Sovjet-Uny.

Hy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fiif kear oan it Europeesk kampioenskip en hat yn 1956 meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't hy Olympysk kampioen waard op de 5 kilometer. Sjilkov waard yn 1954 wrâldkampioens allround en Europeesk kampioen allround. Hy waard ek trije kear allround kampioen fan de Sovjet-Uny. Yn 1961 hold Sjilkov op mei reedriden op heech nivo. Boris Sjilkov ferstoar op 27 juny 2015, yn 'e âldens fan 88 jier.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 41,930 jannewaris 1960 Medeo, Alma-Ata1500 meter2.10,420 jannewaris 1955 Medeo, Alma-Ata3 km4.55,726 desimber 1960 Dinamo Stadion, Kirov5 km7.45,69 jannewaris 1955 Medeo, Alma-Ata10 km16.50,220 jannewaris 1955 Medeo, Alma-Ata

Resultaten jier EKAllround WKAllround OlympyskeSpullen 1953 1954195513e19567e5e1500 m, 8ste5 km, 19577e19587e19e

Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2015